SDS 1 – Scharnegoutum 1 3-11-1991

Meinte Sixma-toernoai 2018
25 oktober 2018
Weppers freed 26-10-2018
26 oktober 2018

Kommende sneon dé derby tusken SDS 1 en Scharnegoutum 1 om 14.30 oere op it sportkompleks yn Easterein.
Spesjaal foar dizze wedstriid doken wy noch efkes yn it archyf fan Wichard Deinum. Hy hat fan syn hiele 16 jierrige karriëre yn SDS 1 plakboeken byhâlden en dat kaam no tige fan pas. Wy sochten namelijk nei gegefens fan de lêste kompetysjewedtriid tusken SDS 1 en Scharnegoutum. Sa ’t jim fannewike al lêze koenen wie dat op 3 novimber 1990. Wy kamen in oantal nijsgjirrige dingen te witten.

De wedstriid waard op it B-fjild spile om’t it haadfjild te min wie. SDS wie ta oan nije fjilden. Nei de simmer leinen der twa nije fjilden en kaam der in nije kantine.
SDS 1 ferlear de wedstriid mei 2-1. SDS kaam mei 1-0 foar troch in goal fan Jappie Wijnia tsjin nûmer lêst Scharnegoutum, mar joech de wedstriid úteinlik út hannen.
De hjoeddeistige trainer fan Scharnegoutum 1, Remco Bervoets, makke diel út fan de A-seleksje fan SDS, mar hie al 1 1/2 jier lêst fan in knibbelblessure. Wy kinne eins wol sizze dat by dizze wedstriid syn trainerskarriëre begûn is. Hy assistere trainer Jan Ydema en stie sa nei de wedstriid tsjin Scharnegoutum it Frysk Deiblêd te wurd oer de wedstriid.

Yn de Ljouwerter Krante stie ek in lyts stikje oer de wedstriid:

Fan de wedstriden makke Wichard sels ek altiten in ferslach.
Opfallend is dat hy foar dizze wedstriid tsjin Scharnegoutum 1 disciplinair skorst wie troch trainer Jan Ydema. Hy soe op de training út lilkens Douwe-Dirk Reitsma ûnderút helle hawwe. Douwe-Dirk hie in wyt trainingspak oan en it measte wite wie der doe wol ôf……
Wichard siet dy sneons al op de bank en kaam der de lêste 20 minuten noch efkes yn. Douwe-Dirk wie der net. Hy wie mooglik blesseard.

Hjir Wichard syn ferslach:

3 novimber SDS – Scharnegoutum 1-2               0x               20min.

Deze wedstrijd was ik disciplinair geschorst. SDS starte goed, na 10 minuten was het 1-0 door J. Wijnia. Helaas drukten we niet door zodat Scharnegoutum tegen kon scoren 1-1. Na rust een bar slechte wedstrijd, toch kon S’goutum 1-2 scoren door een foutje bij ons achterin. W. Deinum werd in de slotfase nog onderuit getrapt binnen de 16, geen penalty oordeelde de scheids, wat tot grote woede leidde bij het publiek. Er vonden enige schermutselingen plaats die beter niet genoemd kunnen worden. 

Wy hawwe net fine kinnen as de ME úteinlik ek noch op it sportpark west hat 😉

 

Hjirûnder noch it foarwurd fan de foarsitter fan SDS, Enno Bruinsma, fan de wedstriid fan doe yn it programmaboekje. Yn 1990 levere in winstpartij noch 2 punten op, mar neffens Bruinsma gie dizze wedstriid sels om 4 punten:

Wichard, tige by tige foar dyn ynformaasje!

As ien noch in alvetalfoto fan dit SDS hat dan mei dy de foto wol maile nei info@vv-sds.nl.