SDS 1 noch net útskeakele foar perioadetitel

SDS 5 spilet de stjerren fan de himmel
3 mei 2003
Portugeze spits Ype skoort 4 kear
3 mei 2003

Wêr’t ferline wike de skiedsrjochter de skuld noch krije koe foar it gelykspul op é Lemmer, dizze kear moast de skuld yn eigen gelederen socht wurde.

Der waard net skoord, wêr’t mei namme yn de twadde helte geweldige kansen klear leine foar it doel fan Tonego. Mar de spitsen de Jong, Anema, Sjaarda, Okkema wisten gjin rie mei de kânsen.

Tonego hie net folle kansen nedich. Sy kamen der in inkele kear út en skoorden wol twa kear.

Kampioen wurde sit er net mear yn mar ek it twadde plak is no fuortjûn oan CVVO. Hoewol de stân yn de tredde perioade is no wer better foar SDS. By winst fan CVVO en SDS kommende sneon wint CVVO de lêste perioade en is it tredde plakje yn de kompetsyje genôch om de perioade titel fan Mulier oer te nimmen. Dus sneon op nei Heech om SDS te stypjen dy lêste wedstriid te winnen.

Hjirûnder de stân yn de tredde periode: 

1 CVVO 6 4 1 1 13 12 6
2 Oeverzwaluwen 6 4 1 1 13 9 5
3 SDS 6 3 1 2 10 12 6
4 Balk 6 3 1 2 10 10 6
5 TONEGO 6 2 3 1 9 5 3
6 Joure SC 6 2 2 2 8 7 6
7 Workum 6 2 2 2 8 5 5
8 Heeg 6 2 2 2 8 6 8
9 SVM Marknesse 6 2 1 3 7 9 9
10 Makkum 6 2 1 3 7 5 11
11 Mulier 6 2 0 4 6 5 7
12 Nagele 6 0 1 5 1 2 15