SDS 5 spilet de stjerren fan de himmel

Utslaggen 3 maaie
3 mei 2003
SDS 1 noch net útskeakele foar perioadetitel
3 mei 2003

SDS 5 – Lions 3 wie in wedstriid fan de subtopper tsjin de topper. Dat wie net te sjen. SDS 5 spile in prima wedstriid mei in oerdeeglike ferdigening mei Stoffel, Klaas, Rienk (Lieuwe) en Tjeerd. Foaral dizze lêste jout op in prima wize lieding oan de rest fan de ploech. Op it middenfjild hearste Sipke en der wie in skerpe spits.

It like earst lykwols net goed. In dramatyske blunder fan Jaap B.waard ôfstraft en doe’t ek Ype T. in strafskop miste like it efkes min. Mar dyselde Ype skoorde foar de thee noch wol de gelykmakker.

Nei de thee, mei de wyn yn de rêst wie SDS net te hâlden. Doelpunten fan Ype(3) , Roel 2 en Sipke soargen der foar dat it 7-1 waard. It iene doelpunt wie noch moier as it oare. Bynammen de lêste fan Sipke wie fantastysk.

It die ek bliken dat Anne Brouwer syn karriere as skiedsrjochter misrûn is. Hy fluite prima.