Sneon 9-5-2026
8 mei 2026Sneon om 14.30 oere is de wedstriid SDS 1 – Oudehaske 1.
SDS 1 stiet mei noch twa wedstriden te gean noch boppe-oan yn 4e Klasse A mei ien puntsje foarsprong op Delfstrahuizen en Creil/Bant.
Dizze klups spylje sneon tsjin elkoar.
Nije wike sneon is de lêste wedstriid fan it seizoen foar SDS 1 út tsjin Tollebeek 1.
Yn it aldergekste scenario soenen der nei sneon 5 klups wêze mei itselde oantal punten mei noch ien wedstriid te gean.
SDS giet noch altiten foar it kampioensscenario en dat is twa kear winne.
Nei de wedstriid is der wer it draaiend rad yn de kantine.
Sneon is ek it slotfeest by SDS mei sjonger Jelmer en is der iten fan ‘Gewoan Lekker’ fan Nanne Dusselaar.
Kom allegear SDS 1 stypjen yn de striid om it kampioenskip!
Seleksje SDS 1:
Mark Klijnsma
Sven de Haan
Niels Hiemstra
Jelte-Pieter Dijkstra
Matthijs Postma
Tim Sweering
Remco Hijlkema
Robin van der Weg
Gerbrand Kramer
Wiebe Heeres
Pieter Sijtsma
Jelmer Brouwer
Ate Schaap
Kees Sandstra
Wytze Lanting
Daniel Veenstra
Pieter Bouma
Wiebren Tamminga



