SDS 1 hellet út

Kransenklassemint
24 augustus 2004
Wepperkes (woansdei)
25 augustus 2004

It nije systeem wat SDS fuotballet hâldt de gemoederen aardich dwaande. Yn it earste heal oere fan de wedstriid SDS-Tynje waard oan de kant oars nearne oer praten. Kenners as Harm Bergsma en Enne Bruinsma wisten it seker: dit wurdt neat sa. Neidat it earste en twadde doelpunt foel, bleau it ûnrêstich oan de kant. Mar doe’t krekt foar it skoft 3-0 en 4-0 oantekene waard, hawwe wy se net wer heard. Dat hie ek frjemd west. Want at je in wedstriid mei 8-0 winne mei prachtige oanfallen en in protte individuele klasse dan moat it dochs ek in kear goed wêze. Trainer Lyckle Bleekveld joech it nei de tiid ek oan: It earste heal oere wie net goed (dus Harm en Enne hiene wol in bytsje gelyk) intoare oere wie prima.

1-0 Tsjipke út in frije traap
2-0 Henk set foar, Tsjipke skoort
3-0 Henk set foar, Skelte skoort
4-0 Skelte makket aksje en Henk skoort

5-0 Durk Yde set foar, Tsjipke skoort
6-0 Hendrik jout ôf op Skelte dy’t skoort
7-0 Lange bal fan efteren en Hendrik skoort
8-0 Skelte set foar en Anne skoort