Sân wepperkes

Seleksjes -sneon-
4 mei 2006
Utslaggen 6 maaie 2006
5 mei 2006

It wie tongersdei prachtich waar. Normaal sprutsen moast de A-seleksje traine om sân oere, mar dat gie oer want de hearen hiene hiel wat oars yn ‘e kop.

 
Anne Stenekes hie syn snorkelapparaat en syn dûkbril opsocht. En fansels hie hij in oantal ferrassende blikjes mei yn de kuolboks


Ek Kees hie der sin oan, syn nije s(tr)ânbroek stie him prima en in badlekken fan 2 bij 3 wie grut genôch foar de hiele lofterkant fan SDS 1. 


It moaiste boartersguod wie fansels de Ford. Kees mocht er earst efkes mei boartsje.


Oan Tsjeard wie te sjen dat hij noch jong en boartlik is. Al boarte hij der alle wiken mei, sa maklik gie him it skeppen ôf.

 
En sa hie elkenien syn eigen beslommeringen en soarge Mark der fol foar dat er gjin deilis ûntstie om de Ford
 

Hij bleau it each der op hâlden


Foar in goed stik sân hoege je echt net nei Makkum.  


It trainingsfjild yn Easterein biedt alle gemakken foar in jûntsje út.

Der waard ek noch traind. 
Wie der efkes in skeel, dan rôp elkenien, úprate en sân der oer!!

At Marcel wat fertelde, dan sieten se mei sân pear earen te harkjen.

En hie der immen ûnsteklik praat dan seine se tsjinelkoar: syn praat hinget oanelkoar as droech sân.

En begûn der immen te swetsen dan seine se : sân wurdt nea acht

Nei ôfrin gyngen se yn sân hasten ûnder de brûs, se bestelden sân bierkes (kin ek seis west ha) en harken mei nocht nei Gert Timmerman dy’t song oer Brandend zand.
En wiene se thús, dan wie dêr it mantsje mei sân (Klaas Vaak). En de oare deis gie de wekker wer om sân oere.

(mei tank oan DirkYdeSânda foar de foto’s)