Sa krekt nei it wykeinWepperkes

Sneinswepperkes
18 juli 2004
Aant sjocht Abraham!
20 juli 2004

Dirk hat wer pech
Dirk de Jong fielde him noch altiten net fit nei syn lêste blessure. Hy bleaun wat lêst fan ‘e knibbel hâlden. No die bliken op de MRI-scan dat hy syn meniscus skuort hat. Hoe it no fierder sil witte wy noch net. Wy winske Dirk yn elts gefal betterskip.

Klaas syn gehakbollen
Klaas Malda komt woansdei wer thús en is benaud dat hy him ferfelen giet. Hy hat dêrom alfêst ien baantsje oannommen. Hy sil foar kommend wykein de gehakbollen draaie en briede foar de Jimbar. Hawwe jimme noch in spesjaal resept foar Klaas, mail dy dan efkes nei
info@vv-sds.nl. Wy soarchje wol dat sy by Klaas komme.

Kompetysje-yndielingen
Moandei 26 july kinne jimme hjir de nije kompetysje-yndielingen fine. Dit hinget allinne noch fan ‘e KNVB ôf.

Traine
Noch 1 wike bekomme en dan begjint de 1e training alwer foar de A- en B-seleksje.

Nuvere skeids
Je hawwe yn je carriëre as spiler altiten wolris in nuvere skiedsrjochter hân. Dizze skeids slaat hielendal alles.(Klik
hjir)

Rabje(5)
* By ADO Den Haag is Jamie Smith op proef. Hy spilet no foar Celtis en hat 2 kear foar it Skotse alvetal spile.
* Kluivert(Barcelona) is sa goed as rûn mei Newcastle United lykas Trabelsi(Ajax).
* Daniël Jensen(ex-Heerenveen) en Petri Pasanen)no Ajax’ gean nei Werder Bremen.
* Sol Campbell(Arsenal) stiet yn ‘e belangstelling fan Juventus.
* Rivaldo(ex-Barcelona, ex-Milan) liket no dochs nei Bolton Wanderers te gean.
* De family Gaddafi wolle no ek(nei Juventus)in oandiel yn Liverpool hawwe.
* Ajax wol graach Vincent Kompany fan Anderlecht oernimme. Dizze jinge is noch mar 17(of 18) jier en hat syn earste interland al spile foar België
.