Evenementen in december 2022

Ek yn Lollum kransen oan de muorre
17 juli 2004
Sa krekt nei it wykeinWepperkes
19 juli 2004

Klaas nei hûs?
It giet best mei Klaas Malda. Hy rint mei krukken en is wol gauris yn ‘e Jimbar te finen. Wykeins is hy no thús(of yn ‘e Jimbar) en troch de wike sit hy yn Beetstersweach. Woansdei komt hy hielendal thús en hoecht hy net wer nei de Wâllden.

Keatse
Robert, Feite en GertJan bliuwe it goed dwaan by it KNKB senioren keatsen. Sneon wûnen se al wer in twadde priis. Dizze kear yn Boalsert. Hjoed(snein) keatse sy yn Dronryp. De jonges wolle wol graach earste klas keatse. As de nije trainer dat no mar goed fynt.

Kleine kafe
Vader Abraham sjongt al jierren oer  it kleine kafe. Nijsgjirrige fraach bliuwt fansels hokker kafé hy bedoelt. Dat it Jimbar net is, is sa klear as in klûntsje. Want dat leit net oan de haven. Wol is dúdlik wurden dat Jimbar der in lokaasje by hat. Dan hjit it op iens in
guesthouse. Anne Brouwer giet oer de grinzen?

Achter de groene heuvels……
Dat binne de earste wurde fan it bekinde liet fan Boudewijn de Groot oer it land van Maas en Waal. Wy sochten út at dat sa echt bestiet.

Rengersdei
Hjoed 18 july is de Rengersdei yn Ljouwert. In echte klassiker. Yn it ferline hat Pyt de Jong dizze party in kear wûn.

Reine, reine en reine
Eindelik is der immen dy’t wat útfûn hat om hielendal droech te bliuwen ûnder in
paraplu