Weppers freed 11-12-2020

Rûntsje foar de klup! Spesjale krystaksje!
9 december 2020
SDS mei yn aksje foar de Voedsel- en Speelgoedbank
13 december 2020

Lokwinske!

Peter Hoogerwerf is juster slagge foar syn TC2-diploma. Fan herte lokwinske! Peter fuotballet by SDS 1 en is dêrneist trainer by sc Cambuur JO14 en vv Heerenveen JO15-1.

Grote Clubactie

SDS hat wer meidien oan de Grote Clubactie en dat hat mar leafst €1020,- opbrocht. Juster wie de trekking en jim kinne hjir sjen as jim ek in priis wûn hawwe.

Winners

Tiisdei die de JO19 trije partijen fan 4 tsjin 4. Wa skoarde bleaun stean. Wa’t it faakst skoorde wûn.

Tjitse, Eeltsje, Tim en Jente gienen der úteinlik mei de haadpriis fan troch; in sûkeladeletter!

Strjittefuotbal

Snein sille guon SDS’ers wer strjittefuotbalje. Sy dogge dit snein fan 12.30 oere oant 15.00 oere.
Wa ’t ek meidwaan wol kin him opjaan by Luka van der Weg: 06-28964895

Winterstop?

SDS 1 hat ynmiddels winterstop. SDS 2 en Vr.1 traine noch efkes troch ien kear yn de wike. JO19-1 traint tiisdei foar it lêst dit jier.

SDS-nijjierssit……..

Ek de SDS-nijjierssit mei it tradisjoniele fuotbaltoernoai, it klaverjassen en de “snertrin” kin sneon 2 jannewaris net trochgean. Wy sykje noch nei in alternatyf lykas in online Bingo of fuotbalkwis. As der ien is dy’t dit organisere kin dan helpe wy graach mei. Lit is ús mar witte fia Whatsapp of info@vv-sds.nl.

SDS-paraplu

Wolle jim ek graach sa ’n SDS-paraplu? Sy koste 15 euries. Lit it witte fia info@vv-sds.nl of sjit efkes ien fan it bestjoer oan en wy soargje dat je sa ’n moaie SDS-paraplu keapje kinne.

Voedselbank

Jim koenen al lêze dat SDS meidocht oan de Voedselbankaksje fan sc Heerenveen. Jim kinne de spullen oant en mei woansdei bringe by Johan Delfsma by Woonvaria op de Lange Baan 10 yn Wommels. De earste spullen binne al brocht:

Harsens derby (2276)

“Tikkie werom, Jaap”