Robert Sybesma topskoarder Súdwesthoeke

SDS ferliest topper fan Lemsterlân
19 december 2002
Hendrik de Jong ûnder it mes
20 december 2002

Robert Sybesma is oant no ta de topskoarder fan alle KNVB ploegen oant en mei de fjirde klasse yn ‘e Súdwesthoeke. Hy hat oant no ta 11 doelpunten makke. Hjirmei hat hy it yn ‘e earste kompetysjehelte net gek dien. Ommers begûn hy blesseare oan dit seizoen. Yn syn earste wedstriid makke hy lyk trije goals tsjin ‘e Jouwer. Yn 6 wedstriden makke Robert 11 goals. In gemiddelde fan hast twa de wedstriid.

Robert giet Ton Haarman(ONS Sneek), Jacob van der Meer(Balk), Douwe Posthuma(Nijland) en Nolke Posthuma(IJVC) foar. Sy makken allegear 8 doelpunten foar immen feriening.

Doelpunten SDS(25):
Robert Sybesma 11
Hendrik de Jong 4
Harm Stremler 4
Jappie Wijnia 2
Floris Hiemstra 1
Wichard Deinum 1
Henk Postma 1
Feite de Haan 1

(Bron: Sneeker Nieuwsblad)