SDS ferliest topper fan Lemsterlân

Jappie Wijnia nije foarsitter jeugdkommisje
15 december 2002
Robert Sybesma topskoarder Súdwesthoeke
20 december 2002

It 1e sealteam fan SDS spile fannejûn de topper yn ‘e Lemmer tsjin direkte konkurrint Lemsterlân. Yn in tige spânnende wedstriid koe SDS net winne. De Lemsters wienen krekt in maatsje te grut. No wie dat ek net sa raer dêr sy mei it team spilen wat oars yn ‘e haadklasse útkomt. It earste fan Lemsterlân is út de haadklasse setten en spilet no as Lemsterlân 2 harren wedstriden yn ‘e 2e klasse.

SDS begie goed oan ‘e wedstriid. Tegearre mei Lemsterlân makken sy der in moaie pot fan. SDS hie it bettere fan it spul, mar Lemsterlân wie krekt efkes tûker. It nivo fan ‘e wedstriid lei heech. De skiedsrjochter koe it net hielendal byfytse en dit wie dúdlik yn it foardiel fan ‘e hurd spyljende Lemsters. By rêst wie it 1-0 foar immen. Yn ‘e twadde helte koe SDS troch in goal fan Robert Sybesma noch wat weromdwaan, mar de Lemsters wûnen mei 3-1. De taskôggers gienen nei hûs mei in tefreden gefoel, ommers hienen sy krekt in machtige pot sjoen. De skiedsrjochter dúzelt it allinne no noch foar de eagen en SDS krige yn elts gefal ien punt te min.

Foar SDS wachtet no it Krysttoernoai yn Frentsjer (kommende freed en 2e Krystdei) en yn ‘e wike fan 15 jannewaris it iepen frysk Kampioenskip sealfuotbal yn it FEC yn Ljouwert. De sealkompetysje begjint alwer op 8 jannewaris yn in thúswedstriid tsjin RES(de oare konkurrint). Hoe bedoele je winterskoft?