Programma SDS 1 seal op OFK

Weppers freed 11-1
11 januari 2013
SDS 9e.. op OFK
12 januari 2013

De âld-sealfuotballers fan SDS 1 sitte moarn yn de finaleronde fan it OFK. Sy sitte yn in drege poule mei:
VV Oosterlittens seal
Avanti
Waterpoort Boys 1

It programma fan dy poule sjocht der sa út:

tijd thuis uit
10:21 v.v. S.D.S. v.v. Oosterlittens
10:21 Waterpoort Boys z.v.v. Avanti
12:03 Waterpoort Boys v.v. S.D.S.
12:03 z.v.v. Avanti v.v. Oosterlittens
13:45 v.v. S.D.S. z.v.v. Avanti
13:45 v.v. Oosterlittens Waterpoort Boys

SDS begjint dus lyk mei in échte derby en de ferwachting is dat VVO wol wat rjochtsette wol….

SDS sil wer fuotbalje mei Jan-Simon Jelsma, Feite de Haan, Anne Stenekes, Harm Stremler, Tsjipke Okkema, Peter Sybesma, Robert Sybesma en Willem Wijnia.
Willem Overal sil wer mei as flagger. Coach Durk Okkema is spitich genôch net fit.

Moarn kinne jim ek noch in stik of wat âld-SDS’ers bewonderje. Sa spilet Freek Tichelman by Drs. Vijfje 1, syn broer Johannes, Hjalmar Ruiter, Timen Vermeulen, Thor Ruiter en Andries Brinksma by De Vogels en âld-SDS trainer Lykle Bleekveld sit fêst by VV Foarút op de bank.
Sjoch
hjir foar it hiele programma moarn oan ’t de 16e finales. De finalerondes begjinne om 14.30 en om 17.30 is úteinlik de finale.

Hjir noch ien kear net om ’t wy tinke dat SDS moarn wer sa fier komt, mar om ’t wy hjir ien wike yn it jier hearlijk fan genietsje kinne:


Sjoch hjir foar alle ynformaasje oer it OFK.