Weppers freed 11-1

Weppers tongersdei 10-1
9 januari 2013
Programma SDS 1 seal op OFK
11 januari 2013

SDS 1 fjild útskeakele op it OFK
De fjildfuotballers fan SDS binne teloarstellend 6e wurden yn harren poule op it OFK. Sy wûnen fan VIOD, mar ferlearen fan Avanti(2-1), De Wâlde(1-0), Zwaagwesteinde(2-1) en Balk(seal)(2-1).


OFK
Marco Hoekstra kin it teloarstellende 6de plak goed relativeare:
SDS – Avanti 0-1 (in pear útspile kânsen hân, siet mear yn, bêste pot fan ús kant)
Zwaagwesteinde – SDS 2-1 (mei in 1-1 stân miste E.H. in penalty mei noch 40 sekonden te gean, út de tsjin oanfal makken sy 2-1)
De Wâlde – SDS 1-0 (in protte balbesit, mar gjin útspile kânsen, 2x giel foar SDS, mei man minder goal tsjin)
SDS – VIOD 2-1 (goeie oerwinning)
Balk – SDS 3-1 (Balk in protte balbesit en sy wiene better, goeie goal fan Wytse).
It hie wol oars kinnen!
Groet,
Marco

OFK(2)
De sealfuotbalers fan SDS meie moarn wol los yn de finaleronde fan it OFK. De earste wedstryd hawwe sy om 10.20 tsjin de sealfuotballers fan VV Oosterlittens. Lyk in moaie derby dus. Letter hjoed it folledige programma.

Sealtoernoai B- en C-jeugd
Foar wa ’t moarn net nei it OFK yn Frjentsjer giet is it miskien wol aardich om fan 9.00-12.00 yn de sporthal yn Easterein te sjen by it sealtoernoai foar B- en C-junioaren.

Op Twitter lêzen dat
“MC1 en dames 2 moarn trainen gean op it keunstgers fan Snits”. Mei it kompliment der bij: goed regele troch SDS.

Alde doaze
It is en it bliuwt in moaie swartwyt
foto. SDS 1 yn 1986 mei allegear bekende (jonge) gesichten.

Alderaardichst
De iene helte fan it wepmasterduo fynt dit wol aardich:

Harsens derby(931)
Ferskeidene jeugd fan SDS sil wer traine op it keunstgers yn Snits. Hooplik levert it soks op: