Professor Lolke Hofstra

Hurddrave mei hurde wyn
8 januari 2005
Wepperkes -snein-
9 januari 2005

Lolke Hofstra is sneontejûn tidens de nijjiersresepsje fan SDS de winner wurden fan de fuotbalkenniskwis 2005. Hy mei in jier lang de titel fuotbalprofessor fan SDS drage.
Yn in sinderende finale fersloech hy de ferliezende finalist fan ferline jier: Wichard Deinum.

Iepening
In protte minsken wiene ôfkommen op dit spektakel, want elk hie fansels wol syn eigen favoryt. Fet 1 wie gau leech mei safolle minsken mar in oantal sponsors soargen foar in twadde en tredde fet wat de wille en de sfear fansels tige ferhege. Foarsitter Rienk Wiersma seach efkes werom nei 2004 mar seach foaral ek nei 2005. In jier wêryn ek SDS fernimme sil dat de tiden allegear wat minder wurde. Finansjeel sjoen sille der in oantal keuzes makke wurde moatte om de klup finansjeel sûn te hâlden. Gelokkich koe Enne J. Bruinsma wer in nije sjurtsponsor presinteare. Futsal 2 giet no as it spoar mei Wheagan sjurtsjes. Dirk Yde en Skelte mochten efkes passe.

De kwis

De 5 kandidaten op in rige. Fan lofts nei rjochts: Kees, Lolke, Mark, Wichard en Willem. Yn de twadde ronde mochten se kieze ut meardere antwurden. Sa te sjen wie Wichard der by dizze fraach noch net hielendal út.


Nei de trije earste rondes, moasten der twa kandidaten oerbliuwe. Mark (3) en Kees (10) hiene te min punten om yn oanmerking te kommen foar de finale. Willem en Lolke hiene like folle (13) en Wichard stapte as beste de finale yn mei 17 punten.
Lolke en Willem moasten der yn in shoot-out om stride. De earste fraach wisten se beide. By de twadde fraaach  moasten se beide it antwurd skuldich bliuwe. Besletten waard om it druk apparaat der by te heljen. Lolke waard de winner en skeakele sa de winner fan ferline jier út.



Lolke Hofstra en Wichard Deinum krigen yn de finale totaal 11 fragen. Wichard naam hieltyd in foarsprong mar Lolke kaam werom. It waard úteinlik 3-3.

Ek no moast kwismaster
 syn reserve fragen wer opsykje.
De earste fraach gie oer de Belgyske kompetysje. Beide wisten it antwurd net.
De fraach dy’t de winner brocht gie oer libbensrin fan fuotballers. “Enter Vooruit”sei Freddy en it wie Lolke dy’t as earste drukte en “Folkert Velten” roppe mocht. Syn hânnen koene omheech want it antwurd wie goed.

De teloarstelling by Wichard wie fansels grut. Sa ticht der by en hy tocht noch efkes werom oan dy fraach oer dy Belgyske kompetysje. Ofrûne simmer wiene de famyljes Deinum en Wijnia yn Belgie op fakansje en op in terras wist Jappie oan Wichard te fertellen dat de Belgyskes kompetysje neamd wie nei it merk bier wat se nuttigen op in terraske. Wichard wist it dus wol mar omdat Jappie it sein hie, leaude hy it net. Dat bruts him no raar op. De twadde priis wie in boek fan Nico Scheepmaker oer Johan Cruyff.


Hy hie ea de tredde priis wûn op de Freuleparty mei Pyt Tjerkstra en Sake Lanting. Hy neamde nei ôfrin dit no syn absolute hichtepunt yn syn sportkarriere.
Hy hat in bliuwend oantinken krigen : de prachtige priis makke troch Atty Scheltema.

Nei ôfrin waard er noch lang neisprutsen. Krekt sa lang oant Hille en Kempe Meijer, dy’t de bar behearden dizze jûn, ús der útreagen. Fred en Aant (sy krigen noch in blomke fan it bestjoer) sjogge yn alle gefallen werom op in moaie spannende jûn. Takem jier wer, dat is seker.