Wepperkes -snein-

Professor Lolke Hofstra
9 januari 2005
Poule-yndieling finales Midwintercup 2005
10 januari 2005

Reaksje op foto
Wy krigen noch in reaksje binnen op de foto fan it stânbyld yn Goteborg. Hindrik Engbrenghof sei der dit fan:

Neffens mij is it Sjoerd van Beem ûnderdompele yn in lekkere dikke laag pure chocolade. Die frou prebearret ferfolgens om fan him te snoepen. Toen dat net hielendal lukte hat se him nei hûs ta nommen en hem der ferovere. Dat ferklaart ek werom se hast lêste wiene yn de liftwedstriid.

 

Karaoke

Wy witte net hoe’t it jim giet, mar sommige ferskes soene wy net graach nei sjonge wolle. Yn alle gefallen is it maklik at je de tekst der efkes by hawwe. Wy fine dat it Frysk in maklike taal is.

 

Trommelje
Yn Fryslân hawwe wy Femme Fatale, de froulju’s groep dy’t ek regelmjittich optrede mei Reboelje.

Yn Japan hawwe se ek sa’n groep. Sy hawwe sa te sjen gjin stokken nedich. In leuk animaasjefilmke., mar wês net te hastich want it begjin duorret efkes.

 

Horekatoernooi
Yn de sporthal wie snein it horekafuotbaltoernooi. Nei’t wy fernommen hawwe, is Kafe Bergsma (mei û.o. Piter Veenje, Skelte Anema, Durk Okkema en Dirk Yde Sjaarda) de winner wurden. Sy fersloegen yn de finale de Jimbar (mei û.o Arjen Posthumus, Ruurd Boorsma en Wesley Hoitinga) mei 2-1. De Greidhoeke (mei û.o. de bruoren Haitsma) waard 6e. It Dielshûs wie lêste.

 

Training
Dizze wike begjinne der wer hiel wat trainingen. Ek yn Wommels brâne se wer los. It is te hopen dat it fjild de jierwikseling goed trochkommen is.

 

De Treffer
Wy binne al wer dwaande mei in Treffer. Kommende tongersdei 13 jannewaris sille wy op de redaksjegearkomst ris sjen wat er allegear is. Dus hawwe jim noch wat, mail it dan foar tongersdei nei
info@vv-sds-nl

 

Reanimeare
Je heare soms de raarste berjochten oer minsken dy’t er samar hinnefalle. Wat ik dan dwaan moat, soe ik net witte (Willem wierskynlik wol)
Sa’t it skynt te wêzen hawwe je 6 minuten de tiid.  Hiel aardich en tige wichtich om efkes te prebearjen at jim der wol klear foar binne. Helaas, by myn poging helle de patient it net.

Newcastle United – SC Heerenveen
Der binne in soad SDS’ers dy ’t graach nei dizze wedstriid ta wolle. Net ien wit eins hoe. Klik
hjir en jimme kinne lêze hoe ’t jimme nei dizze UEFA-cupwedstriid kinne op 24 febrewaris.

SC Heerenveen – Newcastle United
Ek de foarferkeap fan de thúswedstriid tsjin Newcastle United begjin al gau. Fanôf sneon 22 jannewaris binne dizze kaarten te keap. Klik
hjir foar alle ynformaasje dêr oer.

Midwintercup 2005
Dit jier wurdt de Midwintercup foar it earst net yn it FEC hâlden. Wêrom as dat sa is kinne jimme hjir heare yn in ferslach fan Geert van Tuinen foar Omrop Fryslân. Klik
hjir foar dizze reportaasje.

Wa gean der mear nei Frentsjer?
Alle foarrondes foar de finales fan de Midwintercup binne spile. Noch altiten binne net alle finalisten by ús bekend al hawwe wy fan ferskeidene minsken al mailtsjes krigen. Dit rijtsje hawwe oan ’t no ta; GAVC 1, Sint Anna 2, Ouwe Syl, Foarút, Futsal Club Leeuwarden, Frisia, ONT, Drs. Vijfje, Holwerd 2, Leeuwarden, Read Swart, Friesland 1, Blauw-Wit ’34 2, FVC 1, Avanti 1, SC Franeker 2, De Herauten, Workum 1, Oosterlittens 1, WPB 1, ONS 1, FFS 1, Workum 2, DIO Oosterwolde 1, Haskerland 1, SDS 1 en RES 2. Dit binne 27 teams. Wy misse der dus noch 15. Wa wit welke ploegen der noch mear troch binne? Mail it nei
info@vv-sds.nl.

SDS út Wommels?
Juster spile SDS 1 alwer syn earste oefenwedstriid fan it jier. Yn Drachten waard mei 2-0 ferlern fan 1e-Klasser Drachtster Boys. Dit ferslach stiet op de webside fan Drachtster Boys:

08-01-2005 – Drachtster Boys 1 – SDS 1 Uitslag: 2-0
Drachtster Boys oefent tegen SDS
DRACHTEN – Drachtster Boys 1 heeft vanmiddag, ondanks de stormachtige wind, een oefenduel afgewerkt tegen 2e klasser SDS uit Wommels. Door doelpunten van Tjalling van der Meulen en Martijn Liefers won Drachtster Boys met 2-0. De wedstrijd was weinig spectaculair mede door de weersomstandigheden die goed voetbal onmogelijk maakten.


Mear Wepperkes?
Hawwe jimme noch nijs? Mail it efkes nei
info@vv-sds.nl