Evenementen in december 2022

Seleksjes Midwintercup
29 december 2006
Âldjiersdei-weppers
30 december 2006

Yn ús rubryk “SDS’ers derop út” kinne wy eindliks wer ien byskriuwe. Pieter Kamstra hat twa wiken werom mei syn skoanfamylje nei Berlyn west. Hy hat hjir ek fuort mar in fuotbalwedstryd besocht. Yn it prachtige Olympia-stadion fan Berlyn seach hy Hertha BSC tsjin Eintracht Frankfurt. Op papier in kraker tusken twa grutte nammen út it ferline. It rissultaat wie in draak fan in wedstryd mei in 1-0 winst foar Hertha BSC. Dizze goal waard al makke yn de 60e minút . Der waard dus neffens Pieter net op syn Dúts wûn.

Hjir de foto’s:


De grutte pilaren by de yngong mei de Olympyske ringen dy ’t der noch hingje fan de Olympyske Spelen fan 1936.


It Olympia-stadion leit foar in diel ûnder de grûn..


Apart is dy blaue sintelbaan dy ’t yn it stadion leit.


Troch dy sintelbaan sit je in ein fan it fjild ôf. Lokkich genôch hawwe wy dêr yn Nederlân net folle lêst mear fan.


Pieter Kamstra poseart yn it Olympia-stadion foar in frijend steltsje.


Nei in draak fan in wedstryd wurdt de boel wer ôprêden.


It Olympiastadion by nacht.