Peaskemoandeiweppers

Weppers snein 4-4
3 april 2010
Peasketiisdeiweppers
6 april 2010

Peasketiisdei
Moarn steane der ek inkelde wedstriden op it programma. SDS 1 moat om 18.30 thús tsjin Be Quick Dokkum 1, SDS 2 om 18.30 út tsjin BCV 2 en SDS B1 om 19.30 út tsjin Oeverzwaluwen B1. B1 fertrekt om 18.30 fanút Easterein.

Op stap

In moai affysje seine de mannen fan SDS 5 doe’t se sneon harren jierlikse útstapke hiene. Mei in pear oanpassingen komme wij de jûn wol troch. En sa stapten sneontemiddei om 15.32 15 man op de bus nei Ljouwert en kamen der dêr noch 3 bij mei eigen ferfier. Bijgeand
fotoferslach seit iets oer dizze fergadermiddei, dy’t krekt as yn Den Haach ek meast útrint ta de jûn of ta de nacht.

Optreden
Tidens it waarm iten wie der in ûnferwacht optreden fan Daantje Pyromaantje. Hij hie lucht oer en soarge der foar dat dat Durk Okkema springe moast om syn krús te rêden, foardat it yn fjoer en flam stie.

Goudsiker
Bij it wachtsjen op de bus yn Ljouwert koene Gerrit en Auke net fan elkoar ôfbliuwe. As lytse mantsjes stoeiden se efkes. Efkes letter wie it Auke dy’t konstatearde dat syn trouring net mear om de finger siet. Dy moast hij ferlern ha bij it stoeien. En sa moast in grut diel fan de seleksje op knibbels om tusken de kauwgomtegels te sykjen om de trouring fan Auke. Durk Okkema hie noch it beste gesichtsfermogen en hij koe Auke bliid meitsje.

Aaipop
No’t wij sa efkes nei bûten sjogge, moatte wij konstateare dat it gjin meubelsintrumwaar of tunsintrumwaar is. It is wol Aaipop waar. Fannemiddei fanôf 14.00 oere yn Nijlân. It stiet der bol fan Fryske muzyk fan û.o. Jitizer, Piter Wilkens mei band, van Wieren, Frysellica, Xigatze en Jarretank (spesjaal foar Piter Lieuwe).

Dropkes foar SDS
De jeugd fan SDS giet dizze dagen by de doaren lâns om dropkes te ferkeapjen. De pûdsjes koste €2,50 wêrfan €1,- ten goede komt oan SDS. Dit is wat je keapje kinne:



SDS’ers yn bands
Hendrik Engbrenghof fuotballet dan wol yn SDS 3 of 4, mar hie miskien wol leaver by Metallica sitten. Of soe der fannemiddei op Aaipop by Frysellica sitte dy ’t nûmers fan Metallica omsetten hat yn it Frysk?

Mei dank oan Hendriks swager Jouke Rispens.

Foeilelijke sjurts (17)
Sa mei de Peaske kleuret it miskien wol aardich dat giele, mar as fuotbaltenue sjogge je der dochs út as in einepykje. Hjir it úttenue fan Newcastle United fan dit seizoen:

Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (183)
Dizze keeper kin mar better net tefolle meifuotbalje………