Weppers snein 4-4

Utslaggen sneon 3-4
2 april 2010
Peaskemoandeiweppers
5 april 2010

Útslagen
Wy hawwe noch net alle útslagen binnen. Wa wol se ús maile?

It gefoel
Ik ha in goed gefoel. Seis punten helje yn twa wedstriden, dat is in goed gefoel. De wize wêrop dy punten helle binne is in noch moaier gefoel. Yn dy twa wedstriden is foar my ‘it gefoel’ ûntstien. Ik ha no it gefoel dat wy alles winne kinne.
Gefoel is it inerlik belibjen fan in bepaald barren. Dat kin negatyf of posityf wêze.  Neffens my is it wichtich om yn in fuotbalteam as ploech in posityf gefoel te krijen . Dat gefoel krije is dreger as  wol ris tocht wurd. Dat hat te krijen mei fertrouwen en leauwen mar ek mei kwaliteit.
Ûnderoan stean en wike efter wike op je kloaten krije jout gjin goed gefoel dat mei dúdlik wêze. Yn de ynlieding fan dit stik skriuw ik dat ik no it gefoel ha dat wy alles winne kinne. Ik hear in oantal minsken dan tinken: Dat gefoel moat je dochs altyd ha? Oars hoe je net oan in wedstriid te begjinnen. Dat is ek wier. Mar dat gefoel is dan net altyd earlik. Want dan tink je der by dat it dochs ek wer mis gean kin. It sil dochs net gebeure dat? Dan is it eins al net mear in posityf gefoel, net ‘it gefoel’.
Juster de earste helte tsjin Heerenveense Boys fuotballen wy de bêste helte fan it seizoen. It wie 0-1 by de rêst mar dat hie ek wol 0-5 wêze kinnen. Ik hearde ús oanfierder nei de tiid yn de kantine sizzen dat hy suver oan it genieten wie. Hy hie der einepikefel fan krigen. DAT wie ‘it gefoel’. It gefoel hat him rekke, it postive gefoel.  En it hat ús allegear te pakken
No moat wy der mei syn allen om tinke dat we ‘it gefoel’ beethâlde en sterker meitsje. Wy moatte him fuorje mei súkses. Tiisdei komt Be Quick Dokkum op besite en ik ha it gefoel dat wy winnen gean.  
Skelte

De SDS-froulju hawwe wûn!
Juster wûnen de SDS-froulju foar it earst dit seizoen. Sy wûnen mei 3-1 fan Renado. it ferslach lykas alle oare ferslagen fan juster kinne jim hjir lêze.

De SDS-froulju wienen nei de oerwinning út de skroefen.

Heit en soan

Sneon moast SDS 5 om 10.45 oere fuotbalje. F-ke tiid sille jim iszze. En dat klopte. Soan Gerhard (F4) siet mei heit Auke yn de selde boks.

Wedstrydbesprekking

Boksen moatte soms dield wurde. F4 mocht bij SDS 5 yn de boks. Of oarsom. Yn it skoft joech lieder Bertus ynstruksje yn de dûsromte. De kranen stiene út.

Mollebulten

It is de fraach hoe’t it komt mei de iepening fan it jeu de boule seizoen. De mollen binne it paad mooglik wat bjuster. Hoewol dit is better as op it fjild.

Jits Spits II
Nei Jits Spits I (Jitske Plantinga fan SDS DA2) hawwe wy ek al in Jits Spits II. Jitske Veldman fan SDS D4M makke juster mar leafst 7 (of 8) goals . SDS D4M wûn mei hjirtroch mei mar leafst 12-3 fan LAC Frisia D10M.

Net ferfje?
Harm Abma siet sawol tongersdei as juster in skoft yn de kantine. “Ja, mei Peaske bin ik altiten frij”. En wy tochten júst dat ferversbedriuwen it sa drok hienen mei de Peaske…………..

Net ferve troch Harm……………..

Net mear Cambuur
Ik ha fan of november mei de voetbalskoalle van cambuur traint. En hie tiisdei de beslissende test-wedstriid van alle D-spilers by Cambuur. En ha justerjun te hjearen krigen dat ik net troch bin by Cambuur. Mar ik ha der mei protte wille traint en voetballe. En wij binne sels traint troch Sandor van der Heide. Ik fûn it ik hiel leuk want eltsenien kryg de kans om te litten sjen wat er koe. Emiel Kramer de coordinater van cambuurjeugd  hat my justerjun belle en utlein werom ik net troch bin.
Dus ik gean my nou volledig richtsjen op S.D.S. de K.N.V.B. en it keatsen.
gr Habtamu de Hoop


Sjurtsje kwyt?

In alle drokte van de kleikeamer wol it noch wol barre dat net mei opzet zin klean mei nommen wurd.
As jim tinkt hé dit sjurtje komt mei bekend foar  skilje dan mei 0515-332787
Groetnis,
Harm de Haan (leider F1)

Foeilelijke sjurts (16)
Tsjerk van de Pol hie lêsten in minne middei:
Moest laatst fluiten in de zaal ivm zaalcompetitie D2 :Eind van de middag, ik had er al vier gefloten: ONS D3 – Oudega/HJSC D1, Ik kreeg bijna een epileptische aanval van beide shirt, bijbehorende blauwe en oranje sokken en alle gekleurde lijnen. Ik zag ook geen verschil meer op het laatst…………

Dit is net Tsjerk syn favorite sjurt………..
Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (182)
Wy witte al wat wy mei Aaipop ite: