Opjaan BBQ SDS-jûn 14 maaie!

Weppers tiisdei 2-5
1 mei 2016
Opromje A-fjild
4 mei 2016

SDS slotjûn mei barbecue!

SDS organisearet op sneon 14 maaie nei de lêste wedstryd fan SDS 1 tsjin Oudehaske 1 in SDS-jûn yn de SDS-kantine as moaie ôfslúter fan it seizoen.
Ûnder it genot fan in hapke en in snapke en muzyk fan Jan Nota wurdt der ôfskie nommen fan it haadfjild.
Op 17 maaie giet ommers de skeppe de grûn yn foar de oanlis fan it keunstgersfjild,
Dêrneist is der in toulûkwedstryd, in wedstryd búkglydsjen en in lytse SDS-feiling foar it bekostigjen fan in moai hek rûn it SDS-fjild.

Mei dit formulier kinne je je opjaan foar de barbekjoe.
De barbekjoe giet los om in oer as 17.30 oere.
De kosten hjirfoar binne €10,-
Frijwilligers meie fergees.
Dizze frijwilligers krije hjir foar in útnoeging.

Dizze SDS-jûn is foar eltsenien dy ’t SDS in waarm hert tadraacht.
Wy ferwachtsje fansels alle senioaren, sealfuotballers, junioaren, stipers, âld-leden, Efkes Ballers, mar ek supporters, frijwilligers, spilersfroulju, heiten en memmen, pakes en beppes, Wommelsers, Itensers, Eastereiners, Reahûsters en neam it mar.

Graach opjaan mei help fan dit formulier foar tiisdei 10 maaie!

    •