Op it gemeentehûs!!

Sneinweppers
1 februari 2014
De nije SDS League!
3 februari 2014

Moandei 3 febrewaris SDS’ers nei it gemeentehûs
Yn gearwurking mei de Skoalleseize is der in brief opstelt nei de gemeente ta oer de plannen die moandei 3 febrewaris yn it rûntepetear oan bar komme.
SDS en de Skoalleseize stean net op ien lijn mei de plannen dy’t de gemeente mei ús foar hat.
Wy, SDS en de Skoalleseize, wolle mear jild dan wat B&W no wol.
De rie is oan bod.
SDS ropt de SDS-leden op om mei sa folle mooglik moandeitejûn 3 febrewaris 19.30 op it gemeentehûs te kommen foar in better plan.
Douwe-Dirk Reitsma

Dizze brief sil moandei oan bod komme.


Wy hoopje dat it hjir hjoed swart(-wyt)
sjocht fan de SDS’ers!


Op it gemeentehûs
Fedde Wiersma fan de Skoalleseize hat yn it gemeentehûs de riedsleden en B&W noch mar ris dúdlik makke dat SDS hiel hurd ta is oan in keunstgêrsfjild, nije boksen, in fergrutting fan it B-fjild en it útwreidsjen fan it trainingsfjild nei in wedstrydfjild. Mar leafst sa ’n 50 SDS’ers hie der efter him stean, mar it liket derop dat de gemeente net genôch jild hat om mei it folledige bedrach sa ’t troch de Skoalleseize oan de gemeente frege is oer de brêge te kommen.
Op ‘e Skille ferwurdet it sa(klik hjir).