Sneinweppers

Weppers freed 31-1
31 januari 2014
Op it gemeentehûs!!
2 februari 2014

Moandei 3 febrewaris SDS’ers nei it gemeentehûs
Yn gearwurking mei de Skoalleseize is der in brief opstelt nei de gemeente ta oer de plannen die moandei 3 febrewaris yn it rûntepetear oan bar komme. SDS en de Skoalleseize stean net op ien lijn mei de plannen dy’t de gemeente mei ús foar hat.
Wy, SDS en de Skoalleseize, wolle mear jild dan wat B&W no wol. De rie is oan bod.
SDS ropt de SDS-leden op om mei sa folle mooglik moandeitejûn 3 febrewaris 19.30 op it gemeentehûs te kommen foar in better plan.
Douwe-Dirk Reitsma
Dizze brief sil moandei oan bod komme.

Wy hoopje dat it hjir moandei swart(-wyt) sjocht fan de SDS’ers!

Op nei it gemeentehûs
De spilers fan SDS 2 foldocht it oefenjen op keunstgêrs skjin. Sy geane moandei dan ek mei syn allen nei it gemeentehûs om de gemeente te freegjen om jild beskikber te stellen foar in keunstgêrsfjild foar SDS. Welke teams folgje?

Minnertsga 1 – SDS 1
Wij sjogge op VoetbalNoord stean dat de einstân 0-1 is.  Dêrmei docht SDS 1 goeie saken tsjin in altyd lestige tsjinstanner. It ferslach fan Grietzen Broersma:
SDS wint yn Minnertsgea
SDS herstelde sich fan it ferlies tsjin Top’63 troch yn Minnertsgea te winnen mei 0-1.
De earste helte barde hast hielendal niks. Minnertsgea hie iets mear balbesit en kaam tot ien goeie kâns. Jaap koe nei een goed healoere it fan rjochting feroare skot noch krekt keare mei syn foet. SDS stelde hjir net echt in grutte kâns tsjinoer yn de earste helte.
De twadde helte begong SDS drekt in stik better. Nei 5 minuten koe Jelmer allinich nei de goal mei Dirk-Yde en hy keas foar de bal breed. Dy bal kaam iets achter Dirk-Yde en dy stuitte úteinlik fan tichtby op de keeper. Nei in  oere spyljen kaam dochs de 0-1 fan SDS. Yn de tsjinoanfal joech Marco een moaie lange pass op Dirk-Yde Sjaarda die dernei allinich op de keeper ôf koe. Dizze kear wie it wol rekke, 0-1. Minnertsgea gong dernei op syk nei de lykmakker, mar op de helte fan SDS woe it mar net slagje. Dan yn minút 78 enorme kânsen oan beide kanten. Earst koe Dirk-Yde opnij allinich op de keeper fan Minnertsgea ôf, werby hy it fizier net op skerp hie en op de keeper sjitte. Yn de tsjinoanfal fan Minnertsgea kamen twa man allinich foar Jaap te stean. It skot fan ien dizze spilers wie swak en gong fia Jaap bútenkant peal. In pear minuten letter liet Wytze nei om de wedstriid te beslissen trochdat hy, opnij allinich foar de keeper, iets te lang wachte. Minnertsgea sette noch oan, mar in gefaarlike foarset kaam noch krekt op de holle fan in SDS-spiler. Djip yn blessuretiid koe ynfaller Ayanle Barkat de bal yn de ferlitten goal sjitte. Fan san 25 meter slagge dit spitich genôch net; de bal rolle tsjin de peal. Einstân: 0-1.

Foto’s Minnertsgea 1 – SDS 1
Henk Bootsma makke juster wer foto’s by Minnertsgea 1 – SDS 1. De foto’s fan efter de goal binne makke troch pakesizzer Rutger. Besjoch se hjir.

Jaap en Jaap út de skroefen mei de 3 punten!

Frjentsjerter Krante
Op de webside fan de Frjentsjerter Krante stiet ek in wiidweidich ferslach fan Minnertsga 1 – SDS 1. En fansels fot’s fan Henk Bootsma. Sjoch hjir mar ris.

YVC A1 – SDS A1      3-2

Wedstriid is net hielendal útspile fanwege in earnstige blessure oan YVC side. De stân wie op dat stuit 3-2.

SDS 2 spilet (alwer) lyk
SDS 2 hat juster oefene tsjin Deldstrahuizen 2. De wedstryd einige yn 1-1. Bote Strikwerda makke de goal fan SDS 2 út in frije traap. SDS 2 is noch ûngeslagen yn harren oefenreeks mei lykense spullen tsjin Nijland 2 en Scharnegoutum 1 yn de bûse.

Talint
Fia Mark Postma syn twitter seagen wij in prachtige animaasje oer it ûnderwerp talent.
It is yn it Ingelsk mar troch de bylden dy’t tekene wurde is it goed te folgen. Nim 11 minuten de tiid foar
dit filmke

Barcelona
De 6 SDS-ers dy’t ôfreizge binne nei Spanje sitte dit wykein bij
dizze wedstriid en spitgernôch hat Barcelona ferlern.

F1
Vanmiddag afgereisd naar Leeuwarden om ze daar weer eens te laten zien wat voetballen is. Om half 3 stond de wedstrijd gepland tegen Leovardia F2/3 .
Dit is eigenlijk nooit een wedstrijd geweest want vanaf de aftrap was SDS  de betere ploeg en dankzij  mooi tik-tik werk voorin en het kort dekken op de man achterin
kreeg Leovardia geen kans om te voetballen. En als keeper Niels de bal niet een keer heeft hoeven aanraken is het krachtsverschil duidelijk.
Resultaat 7-0 winst. Super !
Dan een kleine pauze waarin we de volgende tegenstander van die dag even kunnen bekijken/inschatten. Dit betreft V en V ‘68 die gelijkspelen tegen concurrent Frisia
wat voor ons gunstig is , maar we hadden allemaal wel gezien dat dit een goed voetballende ploeg is . Dus stond iedereen op scherp.
15.30 is de aftrap en de eerste 5 minuten gaat het spel mooi heen en weer met van beide kanten een hoog tempo. Dan door 2 mooi uitgespeelde kansen
staan we zomaar 2-0 voor .  Maar lang genieten van deze voorsprong is er niet bij want V en V ‘68  komt net zo snel langszij en staan we weer gelijk .
Met nog maar 5 minuten op de klok  gooit SDS er nog een schepje bovenop , resultaat de winnende treffer in 11e minuut en een 3-2 overwinning.
Dit houdt in dat F1 strak bovenaan staat in de zaal competitie met 5x winst en 1x een gelijkspel. Dus vol zelfvertrouwen op naar de laatste wedstrijden
en misschien mogen jullie alvast een beetje denken aan het zaalkampioenschap ? 
Groet interim coaches, 
Gert Jan en Jacob

Peppi & Kokki
“Heit? As je in föhn yn it bad smite dan wurde je dochs elektrokuteard?” “Dat soe best kinne”. “Dan liket it my net handich om mei in elekrykse auto yn de feart te riden………………………………”

Donker
Rico fûn it sealtrainen fan ‘e wike alderaardichst, mar ien dinkje wie wat minder. “Hij sloeg me zomaar en daarna trapte hij me ook nog  precies op het plekje waar de zon nooit schijnt…………………..”

Burd
Maarten de Jong slagget der mar net yn om mei SDS 2 te winnen. Trije kear hat SDS 2 no oefene en alle trije kear spilen sy lyk. Syn ploechmaat fan eartiids, Gert-Jan Verbeek oerkaam dat dit seizoen ek al by FC Nürnberg en stelde foar om syn burd stean te litten oan ’t de earste wedstryd dat FC Nürnberg wer wûn. Dit like ús foar Maarten ek wol wat:

It soe Maarten net misstean…………

SDS League
Moarn kinne jim hjir de nije spilerslist fine om yn te fullen. Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar sneon 15 febrewaris 19.00.

Harsnes derby(1203)
Dat Wk-sealfuotbal yn België is wier de muoite wurdich: