Oantekens fan bestjoersgearkomst

Wepperkes -tiisdei-
26 oktober 2004
Wepperkes -woansdeitejûn-
27 oktober 2004

Op 25 oktober wie de jiergearkomste.

Nijsgjirrige saken fan dizze jûn:

v      Foarsitter Rienk hjit sa’n 40 leden wolkom

v      Teake Brouwer giet út bestjoer om sûnensredenen

v      SDS kin net sûnder de ynset fan al dy frijwilligers

v      Auke Jetze fersoarge de kofje en thee

v      SDS hat sa’n 296 leden

v      2003/2004 wie sportyf sjoen in prima jier

v      2003/2004 wie finansjeel ek in goed jier

v      Auke Jetze fersoarge de gefulde koeken

v      Bestjoer Skoalleseize jout útlis oer takomstplannen

v      Op in moaie nije kantine mei fitnessromte wurdt op ynsetten

v      In tredde fjild soe best noch wolris komme kinne

v      In jeugdtrainer is noch altiten net fûn

v      SDS hat 12.000 euro mei betelle oan de ljochtmêsten by it nije trainingsfjild yn Easterein

v      Protte sportive suksessen fan jeugd alvetallen

v      Mars aksje jeugdkommisje grut sukses

v      Koos Plantinga ferlit jeugdkommissje en krijt blommen

v      Der is noch net in nij lid fûn

v      De nije kleanline (sjurtsje) wurdt sjood troch Enne Jehannes

v      Gearkomst stimt yn mei ynrjochtsjen kleanfûns

v      Kleanfûns wurdt fuorre troch sponsers en leden (0.50 euro sint per moanne)

v      Alle leden spylje oer in oantal jierren yn de selde sjurtsjes, mei of sûnder reklame

v      Auke Jetze fersoarge al wer in bakje kofje of thee

v      De útspraak fan de jûn kaam fan Feike Jorritsma fan de Skoalleseize: fa Okkema, fa. de Jong en fa Couperus hawwe net mei in harke skreaun. Der misten wol wat tosken út. Prima sponsers dus.

v      Kontribusjeferheging fan 2% is akkoard

v      Plantinga en Plantinga hawwe de boeken fan de ponghâlder besjoen en goed befûn

v      Plantinga giet er út en Ids Boersma komt er yn.

v      Klaas Okkema jout oan dat dat er neat mis mei de side fan it dophok

v      Douwe Durk is dat mei him iens

v      Goed 10 oere sjit it al moai op.

v      Auke Jetze tapt in bierke

v      Auke Jetze tapt in bierke

v      Auke jetze tapt in bierke

Auke Jetze slút de tap ôf