Wepperkes -woansdeitejûn-

Oantekens fan bestjoersgearkomst
26 oktober 2004
Foarbeskouwing Blauw-Wit-SDS
28 oktober 2004

Nije konsul
It fuotbalfjild yn Wommels wurdt brûkt foar training fan SDS 1 en 2. Der binne soms dagen dat in normaal minsk sizze soe: hjoed mar net traine, want it is te wiet omdat it te hurd reind har. Klaas Okkema joech op de gearkomst moandeitejûn oan dat hy it him net foarstelle koe dat it trainen troch him ôflast wurdt. “Der moat immen wêze dy’t my dat sizze moat, oars giet it altiten troch”.

It trainingbist fan SDS 2 hat him gelyk oanmelden om te nei foar de training Klaas der efkes op te wizen dat it trainen better mar net troch gean kin.

Reaksje fan Klaas: Dan moat hy tenei al earder fan de Walperterwei ôf komme. 

Foarbeskouwing Blauw-Wit ’34 – SDS
Moarn kinne jimme hjir in foarbeskouwing fine fan de wedstriid tusken Blauw-Wit ’34 1- SDS 1. Dizze foarbeskouwing is skreaun troch Henk Buning dy ’t sawol by SDS as Blauw-Wit trainer west hat. Tige de muoite wurdich dus.

Nacht
De Pc stiet de hiele dei oan. Meastal dogge je him jûns út. Lestich allegear wat at je nachts in wepperkes betinke dan moat de kompjoeter earst wer oansetten wurde. Dêrom litte wy de compjoeter nachts meast oan. En wat seagen wy doe’t wy  nachts in wepper pleatse woene?

Hinke Kuiper
Moarntejûn nimt Hinke Kuiper offisjeel ôfskie fan de trefferredaksje. Se hat der lang tsjin oan skytskoarre mar it giet no dochs oan. 17 lange jierren hat se de Treffer redaksje befroud. Wa’t Hinke moarn noch efkes yn aksje sjen wol yn de redaksje, kin sûnder klopjen fanôf 21.30 oere efkes binnen rinne by de redaksjefergadering yn it wedstriidsikretariaat om Hinke te betankjen foar har bydragen en ynset.

Kuenstgers
SDS 2 spilet sneon yn Harns tsjin Zeerobben op kuenstgers. Dit fjild is noch hagelnij. Zeerobben fuotballet der dit jier foar it earst op. En dat is te merken. Zeerobben stiet op dit momint lêst(!?). Miskien hienen sy efkes wachtsje moaten om te sjen as it Cambuur wol foldwaan soe sa ’n kuenstgersfjild.

Ferslach SDS 2
Troch drokte bin ik der net oan ta kommen om in ferslach fan de wedstriid SDS 2 – Drachtster Boys te meitsjen. Lokkich genôch hat Mark Postma noch al wat tiid fûn. In kreas ferslach fan de wedstriid kinne jimme lêze as jimme hjir klikke.

Frouljusfuotbal
Ik bliuw derby dat frouljusfuotbal best wol om oan te sjen is. Sjoch sels mar ris(klik hjir).

Doelpuntenmakkers
Op de webside fan De Weide(út Hoogeveen) hat elts team syn eigen webside. Sa hat ek De Weide 2, wat by SDS 2 yn ‘e kompetysje sit, in eigen webside. By De Weide 2 hâlde sy alles goed by. Útslagen stean der sneons al gau op en ek hâlde sy de topskoorderslist fan de Reserve 1e Klasse by. Sjoch ris op de side fan De Weide 2 want it is de muoite wurdich (klik hjir). Sjoch by “statistieken” foar de topskoorderslist. Jimme kinne linksûnder sjen dat SDS 2 op in kreas (dielt) 4e plak stiet.

Teamfoto’s
It sjit al aardich op mei alle teamfoto’s. Wy binne no sa ’n 6 wiken oan ‘e gong en wy hawwe se hast allegear. Wy hawwe krekt de nije foto fan SDS F4 binnenkrigen. Sjoch gau by “junioren”, “SDS F4”.

Futsal 2
SDS 2 futsalt jûn tsjin Flevo Boys. Dat moat in moaie wedstriid west ha, want Skelte es-em-est ús 6-6.

Futsal 3
SDS 3 is jûn thús tsjin Renado dwaande de punten yn hûs te hâlden. Wy ferwachtsje jûn noch in útslach.