Noch wat weppers!

WK stân en sa 24-6
24 juni 2014
André Vink nimt ôfskie!
25 juni 2014

Teamyndielingen jeugd
De teamyndielingen fan de jeugd binne noch net hielendal rûn. Der wurdt alles oan dien om se ein nije wike klear te hawwen.

SDS-WK-Pool
De stân kinne jim hjir sjen. Sykje op Subpoolcompetitie; “SDS-WK-Pool“. De koprinner is noch altiten Johan Delfsma al rint der sa hurd net mear en krijt Dooitze him hieltiten better yn it sicht. De ûnderste 4 hawwe it foaral drok mei fan plak ferwikselje…………

Skiedsrjochter 2013-2014
Yn de Treffer fan juny in alderaardichst jieroersjoch oer de skeidsrjochters fan SDS. Prachtich om te lêzen.
It is it moaiste jieroersicht wat yn dizze Treffer stiet.
In oersicht wêr’t terjochte allegear komplimenten útdield wurde oan al dy jonge en âldere leden dy’t sa no en dan of alle wiken in wedstriid fluitsje. Sommigen dy’t sa lang trochfluitsje dat de heup der hast ôfslyt.
Skiedsrjochters binne binnen de klup in stel minsken dy’t ûnmisber binne. Betiden tankber wurk mar ek wol ris ûntankber. Mei al dy protteljende fuotballers yn it fjild, lieders binnen it stek en âlders efter it stek.
Yn de Treffer reint it komplimenten. Prachtich om te lêzen dat der foar elkenien in persoanlik betankje en in persoanlik wurdsje is.
Foar hast elkenien.
Sij skriuwe sels ek al: “Dan blijven Auke en Friso over, We kunnen moeilijk iets over ons zelf schrijven, dus dat laten we aan een ander over.”

Dêrom dit stikje. In oare dus. Op persoanlike titel.
Auke en Friso dat jim ek goed fluitsje krekt as al dy oaren, dat jim rinlinen ek goed binne, dat jim ynlibbensfermogen top is en dat jim in wedstriid net dea fluitsje….ik leau it gelyk.
Mar boppedat sa’t jim it dit jier professioneel oanpakt hawwe om de skiedsrjochters in wichtich plak te jaan binnen SDS is in hiel grut kompliment wurdich.
Sa’t jim it no ek omskriuwe yn de Treffer moat hast in gefoel jaan bij de oare (jeugd) leden dy’t net fluitsje “dat se wat misse”. Dy fluiters dêr wolle je gewoan bijheare.
En dat is jim fertsjinste.
Friso en Auke…toppers mei de fluit en toppers efter de fluiters.
Aant

D4 slút seizoen ôf

Afgelopen zondag hebben we het seizoen voor SDS D-4 nog even op de goede manier afgesloten
align=baseline 
Na een lekker potje stevige voetbal onder leiding van Douwe Kooistra konden we lekker eten van de Barbecue en nog even genieten van de speeltuin


 
Al met al een leuke middag. Dank aan de spelers en de
Camping de Finne voor beschikbaar stellen van het terrein. 
Groeten en tot volgend seizoen
Libbe Fennema

Alderaardichst
De Panini-plaatsjes fan Chiellini en Suarez binne justerjûn lyk oanpast:
 fashion2

Harsens derby(1302)
David Villa spile syn lêste wedstryd op in WK en pikte noch efkes in alderaardichste goal mei: