Nijste Wepperkes(snein)

Seizoen kin foar SDS 2 net stikken
21 maart 2004
TikkieterugJaap
22 maart 2004

SDS 5 is fuort?
Ûnder oan dizze side kinne jimme lêze dat it ferslach fan SDS 5 te finen is ûnder it kopke “senioren”. Ûnder dit kopke is allinne neat te finen oer SDS 5. Wy binne bang dat webmaster (en spiler fan SDS 5) Aant it ferkearde knopke brûkt hat en dermei syn team elymineare hat fan de side. It soe best kinne dat sy as SDS 6 werom komme. At jimme hjir klikke dan kinne jimme it ferslach dochs noch lêze.


Dikke Palen
SDS 2 koe nei de bekerwedstriid tsjin Viboa net sizze dat sy gjin gelok han hienen. Viboa skeat yn ‘e wedstriid sa ’n 5 kear op ‘e peal, miste 3 kear foar in leeg goal en keeper Marten Faber pakte dochs seker 5 ûnmooglike ballen. It kommintaar fan in spiler fan Viboa tsjin Jos Zonderland fan SDS 2 wie dan ek wol terjochte; “Jullie hebben een goeie keeper”, sei der, “en dikke palen”, wie Jos syn oanfulling.

Flagge

 

Mei in protte muoite hiene de terreinfeinten de flagge yn de top krigen op sneon 20 maart. It waaide in stoarm.

Healwei de moarn kaam it berjocht binnen dat prinses Juliana ferstoarn wie. Hoe’t  it protokol der útseach wie net hielendal dúdlik. Mar de gefoelens fan de taskôgers wiene dúdlik. De flaggen moasten healstok. Mei namme Anne Brouwer koe syn emoasjes hast net de baas.

 

 

Korné Boekholt

Hy ferfong syn heit yn it doel by SDS 5. In gweldige redding fan dizze spiler fan B1 soarge der foar dat in by rêst 0-0 bleau.

Nei de thee makken Roel en de wyn it ôf. 1-0 wie de dochs wol fertsjinne oerwinning.

 

Mear as in lieder.

Evert Tanja hat al ris oanjûn dat hy graach de toutsjes yn hannen ha wol. Ek al is der neat te regeljen, dan noch wol hy wat regelje.

In redaksjelid fan de Treffer woe mei twa fan syn meispilers fan SDS 4 in interfjoe hawwe oer harren bysûndere sport.

Doe’t Evert dêr wat fan hearde wie syn reaksje: “Tenei efkes fia my regelje graach”

 

Ype Burggraaff

Komt út Lollum, fuotballet by SDS 5 en hat wol ris in perioade hân dat hy krekt op tiid wie. Sneon 20 maart wie hy fier wei de earste. Om 11.30 oer stie hy al by it stek om ôf te reizgjen nei in Suwâld. It foel him op dat it noch al stil wie. Al gau kaam hy der efter dat dy wedstriid in wike earder op it programma stie. Ype moast no om 14.00 oere oantrede yn Easterein en koe gerêst noch efkes op en del…Lollum

Ferslach SDS 5

By de rubryk senioren stiet it ferslach fan SDS 5 fan 20 maart.