Seizoen kin foar SDS 2 net stikken

Utslaggen 20 maart 2004
19 maart 2004
Nijste Wepperkes(snein)
21 maart 2004

SDS 2 wûn sneon syn bekerwedstriid tsjin earste-klasser Viboa út Winsum (Grins) mei 2-0. It wie gjin waar om te fuotbaljen, Viboa wie better en krige de beste kansen mar SDS 2 gie der mei de winst fan troch. Hielendal dúdlik is it net, mar mooglik sit SDS 2 no by de lêste fjouwer.

Viboa spile de earste helte foar de wyn en dat wie te merken. De ploech stie maklik te fuotbaljen en SDS koe der mar sa no en dan útkomme. It wie dat Marten Faber hiel goed stie te keepen en dat de spitsen fan Viboa net hielendal skerp wiene, oars hie it wol 0-3 wêze kinnen mei rêst. 3 ballen op ‘e peal of latte, inkelde wereldreddingen fan Marten en 3 kânsen foar hast in leech goal. Der koe foar SDS neat mear mis gean. Willem en Henk krigen foar SDS twa lytse kânsen.

Yn ‘e rêst siet SDS 2 der net oer yn. Sy krigen de wyn mei en dan soe Viboa wol efkes fuortspile wurde. Dit foel ôf. Sy bleaunen better, mar SDS krige dochs wat kânsen. Nei in fiere úttraap fan Marten koe Willem de bal net tsjin it net krije. Sa ’n kertier foar tiid makke SDS dan dochs de 1-0. Stefan sette foar en de bal dreaun op de wyn de goal yn. Skelte makke sels efkes foar tiid noch 2-0 troch in korner der yn ien kear yn te draaien. Viboa sjitte noch in kear op ‘e peal, mar wy wisten no wol dat sy dat koenen. Viboa better, SDS troch.

Oeverzwaluwen wint mei 5-1 fan Flevo Boys dus SDS 2 pakte hjoed ek noch de 1e periode.

De sfeer by SDS 2 is super. In plúmke foar de lieders Jan en Durk dy ’t ûndanks de grutte seleksje en dus konkurrinsje dochs eltsenien tefreden hâlde kinne. No noch efkes kampioen wurde en de beker pakke fansels.