Nijland 1 – SDS 1

Weppers tongersdei 13-8-2026
13 augustus 2026
Weppers tongersdei 13-8-2026
13 augustus 2026

In oefenwedstriid, wêr’t noch wol aardich wat publyk op ôfkaam yn Nijlân
“Wat moat je oars ek al útfine”
It jeugdige SDS 1  komt noch  foar de teepauze op 0-1 en 0-2.
Nei in prima kombinaasje jout Jelmer Brouwer foar en mei Matthijs  yntikke.
Fuort dêrnei komt dy selde Jelmer Brouwer fanôf links frij foar de keeper en sjit hij tsjin de peal.
Wiebe Heeres is attint op de weromketsende bal en benut dat bûtenkânske.

Wêr’t SDS 1 nei it skoft in ferjongingsslach docht mei noch mear junioren, moat Nijland 1 mear en mear in berop dwaan op de “alde garde”
SDS is de bettere ploech en sij komme fertsjinne op 0-3.
It is Boaz Dijkstra dy’t him sels prachtich frij spilet en  behearst lâns de doelman yn it doel sjit.
At SDS wat maklik en slordich wurdt moat doelman Mark flink oan de bak.
Ien kear is it him te mânsk en skoart Nijland de 1-3.

It wie In sportive wedstriid