Nijland 1 – SDS 1
15 augustus 2026Kevin stoppet
Kevin den Haan hat trainer Douwe Posthuma en de rest fan de A-seleksje witte litten nei oanhâldend blessureleed te stopjen mei fuotbaljen. Wy sille him de kommende jierren dus net mear op it fjild bewonderje kinne. Kevin lit al witte as supporter fan SDS tige belutsen te bliuwen.
Wy winskje Kevin it âlderbêste ta.

Seleksje SDS 1 2026-2027
Jelte-Pieter Dijkstra docht in stapke werom fan SDS 1 nei SDS 2 en Kevin den Haan hat oanjoen te stopjen mei fuotbaljen,
Sietze Stoffelsma slút ek wer oan by SDS 2.
Oan de oare kant is der in hiel ploegje fan de JO19-1 oerkaam nei de A-seleksje.
Dizze A-seleksje sjocht der no sa út:
Mark Klijnsma
Jorrit Stap
Gerwin Sijbesma
Sjirk Vellinga
Remco Hijlkema
Jochem Scholts
Niels Hiemstra
Tim Sweering
Wiebren Tamminga
Wiebe Heeres
Robin van der Weg
Gerbrand Kramer
Wytze Lanting
Pieter Sijtsma
Matthijs Postma
Pieter Bouma
Daniel Veenstra
Jelmer Brouwer
Lourens van der Pol
Ate Schaap
Kees Sandstra
Oefenje
SDS 1 oefent kommende sneon tsjin ONB út Drachten.
It is in thúswedstriid en it begjint om 14.30 oere.
ONB 1 sit it kommende seizoen yn de 4de klasse D.
Bekerprogramma SDS 1
Yn 8 dagen trije wedstriden mei foar SDS twa thúswedstriden.
DWP 1 en Balk 1 sitte yn de tredde klasse A en WPB yn de fjirde klasse.
De nije SDS-League
De Eredivisie is alwer fan start gien, dus de nije SDS-League stiet der wer oan te kommen. Om ’t de transfermerke noch iepen is oant en mei 2 septimber begjinne wy op sneon 12 septimber mei de nije SDS-League. Hâld de webside mar goed yn de gaten.

Harsens derby (2408)
Dy Dennis Bergkamp wie by Arsenal best wol goed, mar dy Thierry Henry wie ek net gek.
Thierry Henry 🇫🇷 cumple 49 años 🔥 pic.twitter.com/nZ67BbSnPM
— Fodbold World ⚽ (@fodboldword) August 17, 2026



