
Tiisdeitejûn oefenwedstriid: SDS 1 – Lions 1 om 20.15 oere
11 augustus 2026Oefen: SDS 1 – Lions 1
SDS 1 hat tiisdeitejûn oefene tsjin Lions 1. SDS kaam nei in kertier op in 1-0 foarsprong troch in yndraaiende frije traap fan Daniël Veenstra. Net ien rekke de bal en hy stuitere sa oer de keeper hinne de goal yn.
Nei de rêst waard der folle wiksele en sloech de wurgens wat ta. Lions wie better en krige in strafskop dy knap keard waard troch Jorrit Stap, mar spitich genôch gie de rebound der al yn, 1-1.
Efkes letter waard it ek noch 1-2 troch de pylksnelle rjochtsbûten fan Lions.
Lions krige noch in penalty mar dizze gie op de latte.
It bleaun úteinlijk 1-2.
Tim Sweering foel by SDS noch út mei in knibbelblessure. Hooplijk falt it wat ta.
It mei dúdlijk wêze dat sy by Lions yn elts gefal op penaltys traine moatte. 😉
Oefenje
SDS 1 sil kommende sneon op ‘e nij oefenje. Sy oefenje dan om 14.30 oere yn Nijlân tsjin 4e-Klasser vv Nijland 1.

Beker SDS 2
SDS 2 sit yn de beker en is yndield by trije Ljouwerter ploegen. It programma sjocht der sa út.

Kompetysje jeugd
De kompetysje foar de jeugd begjint op sneon 5 septimber.
Harsens derby (2407)
En dan wurdt de goal ek noch ôfkeurd…….
Ten co zrobił pic.twitter.com/L0gRpOzsVU
— ɢʀᴇɢᴏʀ (@gregor_konop) August 9, 2026
Letter miskien wol mear!


