Nijjiersweppers!

Toernooi F-pupillen 4-1
1 januari 2014
Weppers freed 3-1
3 januari 2014

Nijjiersborrel
Foar wa ’t yn it nije jier lyk efkes ien keapje wol kin hjoed terjochte yn de Jimbar. Albert docht de doar om 17.00 iepen foar eltsenien dy ’t mar komme wol. Noflik efkes Ingelsk fuotbal sjen en it darten fansels.

Snertrin
Der sil ek dit jier wer in route útsetten wurde foar de kuierders en de drafers. De kuierders fertrekke dan om in oer as 13.00 en de drafers om 14.00 sadat sy tagelyk oan binne by de kantine om dêr te genietsjen fan in lekkere bak snert. Hoe ’t de rest fan de middei derút sjocht is noch in ferrassing.

Dit sjocht der yn elts gefal goed út

SDS-sealtoernoai F-pupillen
Kommende sneon 4 jannewaris is der it SDS-sealtoernoai foar F-pupillen. F-pupillen kinne harren hjir opjaan. It duorret fan 9.00-12.30.

SDS-sealtoernoai D-pupillen
It SDS-sealtoernoai foar D-pupillen is fersetten fan 4 jannewaris nei sneon 18 jannewaris.

Acht
It is winterstop en dan hat it fuotbal ek lêst fan de transferperikelen. Wij slute dizze kear net út dat ek SDS lêst krijt fan in rike oaljeboer. Wij tinke oan in transfer foar Dirk de Jong (jierdei op 8-4) , Watze Jacob van der Wal (jierdei 8-5) Jelmer Posthumus (jierdei op 8-6) en Andries Lanting (jierdei 8-7). Mar wij freze foaral dat Jasper Bergmans (D1 en jierdei op 8-8) oergiet nei in oare klup. Sjoch
hjir.

SDS League: “De beste 11 dy wit ik zelf”
Foar wa ’t wol wit wa ’t de earste 11 binne yn de SDS League leit in pryske te wachtsjen. Sjoch hjir mar ris.

Harsens derby(1180)
Hjir alfêst de moaiste goal fan 2014!