Weppers freed 3-1

Nijjiersweppers!
1 januari 2014
Weppers snein 5-1
5 januari 2014

Snertrin
De kuierders fertrekke moarn om in oer as 13.00 by de sportfjilden en de drafers om 14.00 sadat sy tagelyk oan binne by de kantine om dêr te genietsjen fan in lekkere bak snert. Hoe ’t de rest fan de middei derút sjocht is noch in ferrassing.

Dit sjocht der yn elts gefal goed út

SDS League
Moarn wurdt yn elts gefal de einstân fan de SDS League bekend makke yn de kantine.

SDS-sealtoernoai F-pupillen
Moarn is ek it SDS-sealtoernoai foar F-pupillen. F-pupillen kinne harren
hjir noch opjaan. It duorret fan 9.00-12.30.

Sealtraine
SDS 2 en 3 traine kommende tongersdei yn de seal yn Easterein fan 21.00-22.00.

De nije SDS League
De tranfermerke liket noch net echt op gong te kommen, mar dat sil noch wol komme. De klups hawwe noch oan ’t en mei 31 jannewaris om spilers te heljen en dan kinne wy dwaande om de nije spilerslist fan de SDS League klear te meitsjen. Dat duorret dus noch wol efkes.

SDS-sealtoernoai foar senioaren en A-junioaren
Op sneon 25 jannewaris fanôf 19.00 is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar A-junioaren, senioaren en sealfuotballers. Fansels mei der ek âld-SDS’ers meidwaan. Ynkoarten kinne jim jim fia de webside opjaan.

Horekasealtoernoai
Snein is der yn de sporthal yn Easterein it jierlijkse Littenseradiel Horekasealfuotbaltoernoai.

Âlde-lulletoernoai
Op snein 9 maart is dit jier foar it lêst it wrâldferneamde âlde-lulletoernoai fan Daan Boersma yn de sporthal yn Easterein.

Harsens derby(1181)
As je de kornerflagge al net iens foarby komme dan kinne je wol ophâlde.