Nijjiersgearkomst en snertrin!

Weppers tiisdei 23-12
23 december 2014
Krystdagenweppers
24 december 2014

Op sneon 3 jannewaris is der wer de jierlijkse SDS-nijjiersgearkomst. Foar dizze gearkomst hawwe wy fansels wer de tradisjonele snertrin foar eltsenien dy ’t SDS in waarm hert tadraagt. Der sil sawol in route útlein wurde foar rinners as hurdrinners.

Nei de snertrin is de striker fan SDS, Dooitze Nauta, der om alle stramme spieren wer efkes los te meitsjen.

De rest fan it programma wurdt letter bekend makke of bliuwt in ferrassing………..

Lju dy ’t net meirinne binne middeis fansels ek fan herte wolkom yn de fuotbalkantine.

De eksakte tiden wurde noch bekend makke, mar it is yn elts gefal middeis.