Krystdagenweppers

Nijjiersgearkomst en snertrin!
24 december 2014
Weppers sneon 27-12
26 december 2014

Noflike Krystdagen


De Treffer
De Treffer wie mei troch grutte drokte by ús drukker Van der Eems justermiddei pas klear. It slagget dus net mear om him foar de krystdagen rûn te krijen. As alles meisit dan falt der dit wykein by jim troch de bus.

Keunstgêrs foar SDS!
De keunstgêrskommisje is drok dwaande om aksjes op tou te setten foar de lêste €60.000 om it keunstgêrsfjild te realisearjen. Rekkenje der mar op dat sy mei iets moais dwaande binne. Sûnt juster kinne jim harren folgje fia harren Facebookside. Sjoch hjir mar ris efkes en lit witte dat je der wol oer meie en diel it.


Goeie sjaal
Wij krigen in moai berjochtje fan Douwe Kooistra.

Aah mannen,
Ik wie fan’t wykein mei myn heit yn Liverpool, by Liverpool-Arsenal, doe wie ik dêr yn de kroech neist Anfield. “De Albert” wêr allegear sjaals hongen fan clubs oer de hele wrâld. En dêr hong ek in sjaal fan Heerenveen. Jildt dit ek as een foute sjaal? 

 
Nee, Douwe, dat is in prima sjaal op in prima plak. Dat de sjaal fan Feyenoord dêr ek hinget jout ien fan wepmasters noch mear foldwaning.

Ferkearde sjaal (4)

We gean mar troch mei ferkearde sjalen fan scH. Dizze is dûbel ferkeard. Der stean mar leafst trije klups op……
Ac Milan en Wolfsburg wiene beide yn 2008 tsjinstanner fan sc Hearrenfean. Of soene dy oare twa tsjinstanners yn de poule fan doe ek noch op in sjaal mei de pompeblêdeklup stean? Moarn mar efkes op de side sjen.

Boxing Day
In soad lju sitte mei Kryst it leafst by de famylje. Oaren lûke der júst mei freonen op út. De (âld)SDS’ers Elger Turksma, Freek Tichelman, Hjalmar Ruiter en Martin Rienstra namen fan de gelegenheid gebrûk om efkes yn Londen te sjen. Sy sille dêr wat yn pubs omhingje, krystdinere by Mc Donalds, mar foaral genietsje fan Arsenal  QPR op Boxing Day en it WK-darts. Wy winskje harren hiele nolfike krystdagen ta dêr!

Boxing Day(2)
Nederlân hat syn eigen Boxing Day en dan wol yn de sporthal fan Frjentsjer. Moarn sille guon SDS’ers dêr wer los op it jierlijkse Krysttoernoai. Jim koenen de earste útslaggen hjir ôfrûne moandei sjen en hjir noch efkes it programma foar moarn:
10.13 SDS – Zeerobben
11.23 SDS All Stars Bloemkamp
12.19 SDS – Rijschool Posseth
13.15 SDS Hiemstra Fin. Diensten
Om 14.40 begjinne de krúsfinales.
It hiele programma kinne je
hjir besjen.

Harsens derby(1398)
Foar de wepmasters dochs ien fan de leukste krystferskes fan alle tiden. Jim ek in noflike kryst tawinske Jan-Simon, Harm-Auke, Jappie, Gert-Jan, Remco en dy oare twa!