Nijjiersdeiweppers

Aldjiersweppers
31 december 2011
Weppers tiisdei 3-1
3 januari 2012

2012
Wij winskje jim alle goeie dingen ta en hoopje op in sportyf en wepperfol 2012.

It 5e hat wer in nije supporter! 
Op tiisdeitemiddei 27 december geboren om 16.59 yn it MCL yn Ljouwert. Geert Jesse 53 sm en 3940 gram. soan fan Lieuwe Jan en Baukje en broerke fan Klaas Merijn. 
Groetnis
Lieuwe Jan

Jierdei
Der binne guon dy’t it nije jier goed begjinne. Fuortendaliks in feessie omdat je jierdei binne. De gelokkigen hjoed binne:
Luisa Kooistra, sij wurdt 16 jier
Sander Hazewindus, hij wurdt 10 jier
Eeltje Bootsma, hij wurdt 10 jier

Fet
Wierskynlik komt de warskôging te let. Dooitze Nauta giet begjin jannewaris it fetgehalte wer mjitten fan de A-seleksje.

Nijjierstoernoai SDS-B- en C-junioaren
Op sneon 7 jannewaris hawwe de B- en C-junioren in sealtoernoai yn Easterein. Sy kinne harren hjir opjaan.

Liftboek
Mei de muzikale klanken fan Jan Nota wurdt hjoed fanôf 16.00 oere bij Jimbar “Lift!” presinteard. It boek en de lústerskiif. It boek hat in beheinde oplage en is fannemddei bij Jimbar te keap en moarn bij Warenhuis van der Velde yn Wommels. Wij binne der wis fan dat meardere SDS lifters harren ferhaal kwyt koene yn dit boek en dat sij mei foto’s it gehiel illustrearje.

Harsens derby (2012!!)
Ferline wike wie Celtic – Glasgow Rangers wer net om oan te sjen. Dochs hie eltsenien wille. It fuotbaljen sil ek foar ús yn 2012 net altiten like goed wêze, mar dat makket neat. Ek dan krije wy der mar gjin genôch fan: