Wepperkes -woansdei-

SDS League: First Choice(MP) nimt kopposysje oer!
7 maart 2006
Nije sponsormooglikheden by SDS?
8 maart 2006

SDS 1 wint
De futsallers fan SDS1 hawwe woansdeitejûn wûn fan Leeuwarden 1. De doelpunten wie tige djoer want der waard totaal mar 3 kear skoord. SDS 2 en de gasten 1. Willem en Robert wiene de skutters. Jan Simon kearde as fanâlds.

Dreech
It wurdt foar Klaas Okkema dreech om sneon 11 spilers byinoar te krijen foar SDS 2. Hy mist yn elts gefal Gerrit T.(bronchitis), Robert H.(hamstring), Dennis(rêch), Willem(moat sneon konten woskje) en Jos(moat syn appartemint skjinmeitsje nei brân by de buorlju). Wy geane der mar fanút dat it dizze wike noch winter bliuwt.

Agenda
“Der wurdt wurke mei in dûbele agenda” dat heare je hieltyd faker. Seker at it oer de polityk giet. Wij kinne jim sizze: wij hawwe mar ien
agenda. Dêryn fine jim alle ynformaasje foar dizze en de kommende wiken.
Wolle jim witte at er neist SDS ek noch oare wichtige eveneminten binne yn de Greidhoeke dan kinne jim fansels altiten efkes sjen op de side fan
VVV-Terpelân. In soad oer SDS sille jim allinne net op dizze side fine.

Sjoch yn de Hel
Twa lifters hawwe in film makke fan harren avontoer nei Hel yn Poalen. De opnames binne no monteard en elkenien is fan herte útnoege om it resultaat noch efkes te sjen. Op freedtejûn 17 maart om 19.30 oere yn Jimbar. Helaas binne Jan en Sjoerd net te sjen op de film, want sij binne nea……..

Twa lifters op de list
Foar twa lifters (Bram en Beitske) wie it juster in spannende dei. Teagearre binne se nei Hel west, beide stiene se op de ferkiezingslist en wij binne benijd at se beide ek yn it pluche komme.

Naar de hoeren fietsen
De freonen fan SDS en de sponsers dy treffe it. Sij binne útnoege foar in leuke, noflike en learsame jûn mei as sprekker Fritz Korbach, trainer fan hast alle betelle fuotbalklups yn Nederlân útsein Ajax, Feyenoord en PSV.
Ien fan syn útspraken yn syn tiid bij de Graafschap wie: “Dy burgemeester kan maar beter naar de hoeren fietsen.” Wat dat betsjut dat heare de freonen freedtejûn.

Futsalle

“Salle we fanavond fut”? Ja, we geane nei it futsallen. Om 20.30 oere yn de Greidhoeke. SDS 1 en 2 moatte beide thús.

Nije sponsormooglikheden?
Jûn kinne jim hjir alles lêze oer nije sponsormooglikheden by SDS.

Net gek
Foar it WK is dit miskien net sa ’n gek idee. Dan hoefe je ek net sa faak nei de winkel foar in nij kratsje bier(klik hjir).

Letter mear!