Nije spits SDS 5 foldocht prima

Nije Wepperkes
18 februari 2004
De nije SDS-side!!
20 februari 2004

SDS 5 hat ôfrûne woansdeitejûn yn Noardburgum in nije spits testen. Tsjin in prima fuotbaljende ploech kaam SDS krekt wat te koart. Neist de ljochtpeallen wie der noch in ljochtpunt: de nije spits.

SDS ferlear dan wol mei 3-1 mar it doelpunt kaam fan de nije man, wêrfan de namme my efkes ûntgien is. Dúdlik wie dat de gearwurking mei de oare spitsen Babbel en Folkert Rients nei tefredenheid ferrûn. “It hoecht om ús net wer oars” rôpen se nei ôfrin yn koar. Sokke útspraken binne fansels ferfelend foar de net oanwêzige spits (en kluptopskoorder) Knabbel. Dy sil him dan ek werom fjochtsje moatte yn it team.

De entoeraasje wie krekt as de foarige kear wer prima. Kupstuoltsjes yn de klaaiboks (sels Jappie Wijnia hie dat noch nea mei makke yn syn rike karriere) , in prachtich stik ljocht en in leuke ploech om tsjin te fuotbaljen. En nei ôfrin wie dêr de kantine, wêr’t wy trakteard waarden op rollade. En dat is wer ris wat oars as droege woarst. Dat wy wat let eftich thús wiene, lei oan it feit dat in oantal gastdames ús oan de praat holden.

Ta beslút: it wie der wol kâld, mar net sa kâld dat je no gelyk de lange griene ûnderbroek oan dwaan moatte. Fraachje: fan wa binne dizze tige oantreklike skonken.