Nije Wepperkes

Lid "SDS-Bunnikside" op Omrop fryslân!
18 februari 2004
Nije spits SDS 5 foldocht prima
19 februari 2004

Blesseare

Rudy Hoppenschop hat skuorde inkelbannen troch it folleybaljen en kin de keeperstraining net dwaan. Wy winskje him betterskip.
 
Ynhelwedstriid Futsal
SDS hoecht pas op 31 maart de wedstriid tsjin Renado út, yn te heljen. Dit is twa wiken nei it einlikse ein fan ‘e kompetysje. Oansjoen beide ploegen kommende wike beide frij binne wurdt der noch besjoen at dizze wedstriid dan spile wurde kin. Oer 2 wiken moat SDS thús tsjin Renado.

Nije Treffer
De nije Treffer komt hast wer út. Hawwe jimme noch wat wêr at wy miskien wat oan hawwe, mail it ús dan op
detreffer@vv-sds.nl

SDS League
Kommend wykein giet de SDS League wer fan start. In wike letter dan dat soe, mar dat hat te krijen mei it ynleverjen fan de teams. 50 % fan alle teams wurdt te let ynlevere. Hindert neat, want dan begjinne wy gewoan efkes letter en is it wol sa earlik.

Slachtemarathon
Wa fan SDS drafe mei yn de Slachtemarathon? Wy as redaksje fan ‘e Treffer binne wol benijd. Neffens ús bronnen binne yn elts gefal Wichard Deinum en Anne Stenekes fan doel dit ein te drafen. Krekt dy 2 rekken ôfrûne sneon blesseare. Is dat folle drafen dochs net sa goed te kombinearjen mei it fuotbaljen?? Peter Sybesma is ek fan doel om de Slachtemarathon mei te drafen. Feite de Haan docht sowieso mei.