Nije koprinner yn ‘e SDS League

SDS 1 wint oefenwedstriid fan WWS
29 oktober 2003
Ferslach WWS – SDS 1
30 oktober 2003

Wy hawwe alwer in nije koprinner. “T. en V” fan Y.V. út Âldegea giet ien puntsje oer “U.S. Postal”(RO) hinne.

De wykpriis giet dizze wike nei “vv WHRS” fan RS. Snoen wer skoort yn it 1e en no alwer de wykpriis. It kin net op. Hy giet hjirmei fan it 17e nei it 8e plak.

It is hast novimber en it is gebeurt mei “November Rain”(GT). Hy sakket fan it 18e nei it 31e plak. Hy hat it fêst te drok mei syn blessure.

“Op naar de top”(MF) docht der lang oer om dêr te kommen. Foarige keer waard der lêste. No liket it wer dy kant op te gean. Wat wol je ek mei mar 12 punten dizze wike.
 
Hast eltsenien hat Kezman(PSV) en Van der Vaart(Ajax) yn syn team. Beide hawwe al in reade kaart krigen. Better hienen je kieze kinnen foar Galásek(Ajax) of Robben(PSV) of Rommedahl(PSV). Dizze 3 spilers hawwe allegear mear punten dan de neamde spilers en sille de kommende wiken allinne mar útrinne.

Groetnis, Willem

Hjir kinne jimme klikke foar de nije stân: wike 5