Evenementen in december 2022

De schopper fan SDS D2
28 oktober 2003
Nije koprinner yn ‘e SDS League
29 oktober 2003

Justerjûn hat SDS 1 yn ‘e kjeld oefene tsjin WWS. Fansels op hun ferljochte (en net ferwaarmde) fjild. SDS hat de wedstriid wûn mei 5-2.

Harm Stremler makke as lêste man 3 fan ‘e 5 doelpunten. De oare 2 waarden makke troch Henk Postma en Harm Auke Dijkstra. De goal fan “Hampie” wie wat nuver. Harm-Auke pikte de bal fan ‘e skoen fan Marco Ottens ôf doe hy úthelje soe.

Feite de Haan is blesseare oan ‘e rêch en hat net fuotballe. Dirk-Yde Sjaarda hat foarsichtig oan traint by it 2e. Tsjipke Okkema is ek wer begûn te trainen. Hy moast jammer genôch in kertier foar it einde ophâlde om ’t hy dochs wer lêst krige fan syn dikke tean. Û.o. Harm-Auke Dijkstra en Syb Overal gienen mei nei Wurdum as ferfangers.

Kommende sneon om 14.30 oere op ‘e Skoalleseize kinne wy, yn ‘e wedstriid fan SDS 1 tsjin WTOC, sjen at de oefenwedstriid ek holpen hat.

Moarn folget it folledige ferslach fan ‘e oefenwedstriid.