Wepperkes

Nij trainingsfjild
29 juni 2004
Wa wint de SDS EK-League?
30 juni 2004

Nij
In nij sjurt, in nije trainer en in nij trainingsfjild. Je soene der hast sin oan krije om wer lekker te trainer. Hjoed precies oer 4 wiken begjint it al wer.  Earst noch mar efkes keatse en ferbouwe, wurkje of fakansje hâlde.

Fakansje
Op fakansje mei de sleephutte nei in kamping. De reis der hinne al hoe fier dy ek is levert gjin probleem op. Problemen komme der pas at de karafan parkeard wurde moat . Efterút ride! Om al fêst thús wat te oefenjen, hawwe wy in tip:
http://www.pepere.org/aventures/vacances_pepere.php

Keatse
It gie mei Jacob Klaas yn de earste klasse net sa goed mei it klassemint. Sterker noch, it partoer fan Jacob Klaas wie ien fan de trije degradanten. Dat is fansels net leuk. Mar in slimme Jacob Klaas wist dat foar te kommen. Hy socht twa nije maten dy’t net degradeard wiene en sa mei hy yn de earste klasse bliuwe. Mei Jacob Zaagemans en Ale J. Anema is hy sneon yn Itens te sjen. Net te sjen yn Itens binne Durk Yde Sjaarda en syn maten en Skelte Anema mei syn maten. Sy waarden ôfwezen foar de earste klasse.

Foto
Kommende winter sille wy sa no en dan in foto op ynternet pleatse, wêr’t jim in byskrift by betinke meie. Om al fêst wat te oefenjen freegje wy jim te mailen nei
info@vv-sds.nl wat jim tinke wat Advocaat tsjin Robben seit.