Moai waar Wepperkes

Bekerprogramma SDS 2
26 juli 2004
Kompetysje-yndielingen Senioaren
26 juli 2004

Nije fersoarger?
Der geane geruchten dat Lykle Bleekveld de fersoarger fan Ouwe Syl meinimt nei SDS. Ik wit net as sommige spilers fan SDS 1 hjir wol sa wiis mei binne. Sjoch
hjir mar ris.

Stoppe(1)
Op it fjild binne inkelde spilers stoppe mei fuotbaljen. Ek yn ‘e seal binne der inkelde spilers stoppe. Durk Okkema rjochtet him hielendal op syn herstel fan ‘e knibbel en probearet op it fjild wer fit te wurden. It sealfuotbaljen wurdt dan earst neat. Feite de Haan is ek stoppe mei sealfuotbaljen. Hy docht kommend jier in opleiding en hat earst gjin tiid mear om yn ‘e seal te boljen.

Stoppe(2)
It wie Samme Overal dy ’t stoppe is mei op it fjild te fuotbaljen en net Syb. Samme probearet noch al fit genôch te reitsjen foar it sealfuotbaljen yn SDS 2. 

Dirk syn foto
Wy witte noch net wat wy oan moatte mei de foto fan Dirk de Jong. Wy hawwe 4 reaksjes krigen op ús oprop om de foto dy ’t no by syn namme stiet stean te litten. Der wie sels ien dy ’t Dirk net herkende op dy oare foto. Wy kinne dizze minsken fansels net passeare en dochs in oare foto der op sette. Mocht Dirk noch in goeie foto nei de webside-redaksje maile, dan kinne wy der noch oer tinke om de foto yn te wikseljen.


Alcoholtest
It is wat mei al dy regeltsjes yn Nederlân. No is der wer wat nijs betocht. Kommend seizoen sil eltsenien dy ’t út de kantine komt in alcoholtest dwaan moatte. Hjir kinne jimme alfêst sjen hoe ’t yn syn wurk gean sil. Klik hjir.