Kompetysje-yndielingen Senioaren

Moai waar Wepperkes
26 juli 2004
Tiisdeitemiddei-wepperkes
26 juli 2004

De kompetysje-yndielingen binne bekent. Dy fan ‘e senioaren en fan it sealfuotbaljen kinne jimme allegear fine op de side fan de desbetreffende teams. Hjir binne allegear nije links makke nei de KNVB. De kompetysje-yndilingen foar de jeugd wurde ein folgende wike op dizze webside setten.

Wat falt ús op oan ‘e kompetysje-yndielingen?
* SDS 1 begjint thús tsjin Hardegarijp 1. De twadde wedstriid is lyk de kraker út tsjin WPB.
* By SDS 2 yn ‘e kompetysje binne der 5 teams dy ’t út Fryslân komme. De earste wedstriid is dan foar SDS 2 in derby tsjin Ljouwerter Sweltsjes 2. SDS 2 hat hjir it ôfrûne seizoen noch fan wûn yn ‘e beker.
* SDS 3 sit wer by Mulier en Frentsjer yn ‘e kompetysje. SDS 3 spilet de earste wedstriid út tsjin ONS 3.
* SDS 4 mei de 1e wedstriid lyk los út yn ‘e topper tsjin Stormvogels 1.
* SDS 5 mei de earste wedstriid thús tsjin RES 1.
* De sealkompetysje foar SDS 1 bestiet út 13 teams. SDS 1 sit ek by FFS yn ‘e kompetysje(lykas SDS 3). FFS komt út Vegelinsoord en spilet mei de âld-SC Hearefean fuotballers Jeffrey Talan en Erik Ten Voorde. SDS 1 spilet de 1e wedstriid út tsjin Foarút 1.
* De sealkompetysje foar SDS 2 betiet út 11 teams. SDS 2 spilet de earste wedstriid út tsjin ZVH. ZVH komt út Hasselt, Den Bosch of Philippine(?). Wy nimme oan dat SDS 2 nei Hasselt moat.
* SDS 3 sit yn in kompetysje mei 12 teams. Hjirfan binne der 2 fan Workum, 2 fan Lemsterland en 2 fan Haskerland. SDS 3 spilet de earste wedstriid thús tsjin Haskerland 6.