Ljouwerter Krante meldt fraude

SDS League: De Ideale Elf
15 december 2003
Woansdeitejûn SDS-WZS!
15 december 2003

Yn de sportside fan de Ljouwerter Krante fan moandei 15 desimber stiet in wiidwedich artikel oer de fraude yn de feteranenkompetysje, wêrfan SDS de dupe like te wurden. De straffen dy’t útdield binne troch de KNVB binne net lyts. Skearnegoutum dy’t twa kear oer de skreef gie mei it ynfullen fan papieren útslaggen waard sels beboete mei 2 x 500 euro, wêrfan in diel ûnder betingst.

Ek Anjum en Res krigen boetes. Alle ploegen binne út de bekerkompetysje helle. Sadwaande spilet SDS kommende sneon yn Minnertsgea tsjin de klup mei deselde namme. It begjint dêr 14.30 oere.