Woansdeitejûn SDS-WZS!

Ljouwerter Krante meldt fraude
15 december 2003
De nije trainer is ……!!
15 december 2003

Woansdeitejûn wurdt om 21.00 oere yn ‘e Greidhoeke de topper spile tusken SDS en WZS. Beide hawwe noch mar ien kear ferlern yn ‘e kompetysje. Dizze wedstriid liket dan ek tige wichtig yn ‘e rin nei it kampioenskip yn ‘e twadde klasse. De earste wedstriid tusken SDS en WZS waard yn Snits mei in soad gelok wûn troch SDS mei 5-4. Beide ploegen binne dus aardich oan elkoar weage. SDS hat allinne ferlern fan Flevo Boys. WZS hat Flevo Boys foarige wike mei 7-1 ferslein. It kin dus alle kanten op woansdei.

De stân:

Bron: www.knvb.nl

SDS hat ien wedstriid minder as WZS spile. De wedstriid tsjin Renado moat noch ynhelle wurde. Wint SDS dy wedstriid of spylje sy lyk, dan is de earste periode foar SDS. Wannear at dy wedstriid spile wurdt is noch net bekend.