Liftnijs

SDS League: Berrieboys pakke 1e priis!
25 december 2009
Kryst weppers
26 december 2009

29-12-2009 om 8.30 oere yn de moarn

8 kear gie de liftploech fan Wommels op 1 jannewaris fuort. Dizze njoggende kear wike sij ôf fan de tradysje. Op tiisdei 29 desimber, moarn om 8.30 oere of sa folle letter is de start bij Jimbar yn Wommels. De ferwachting is dat sij meielkoar âld en nij fiere yn Skotlân. Op 1 jannewaris let op de jûn hoopje se wer yn Wommels oan te kommen.

De njoggende bestimming


Ferline jier makke Namkje Koudenburg dit moaie kaartsje. Giel wie al berikt en doe wiene der noch trije reade stjerren. Bestimmingen wêr’t se noch hinne woene. Ferline jier waard it Tulln yn Eastenryk (ien fan de reade stjerren), dit jier Stirling yn Skotlân (de twadde reade stjêr) en dan is it dus maklik om de bestimming fan takem jier te bepalen. Earne yn Frankryk.

De dielinimmers
Graach stelle wij de lifters oan jim foar: De 10 koppels:

Sjoerd van Beem en Teade de Boer

Ferline jier skreaunen se: haw gjin noed, it komt goed, wij sille goed op se passe.  Beide hâlde net fan gekoanstekken. Sjoerd is grutsk op alle lifters mar foaral op Teade. En Teade is grutsk op Sjoerd, mar foaral op de oare lifters, at dy letter oankomme as harren.

Tjitte Jelle Verbeek en Hadewey Ras

Bij dit team stiet de kolletiviteit foarop. Bij it regeljen fan de weromreis diene se de hertegjalp:
Graach kollektieve betingsten minsken.
Dat is in fundament foar it liften!!

Namkje Koudenburg en Wybren Jorritsma

At it liften net útfûn wie, dan hiene sij it dien. Altyd suksesfol tidens de wedstriid mar ek altyd dwaande om it ferbliuw en de weromreis goed te regeljen. Ferline jier nû 1, mar at se dit jier wer as earste in bêd útsykje is mar de fraach.

Jimmy Linders en Sytze Hibma

It liften giet oer de profinsjegrinzen hinne, want Jimmy komt spesjaal earst út Limburg wei om dêrnei mei Wommelser Sytze wer ôf te sakjen nei it Súden. Jimmy kin al Frysk sms-se en se neame harren foar dizze reis McLinders en McHibma.

Jaring Rispens en Sjoerd Rispens 


De bruorren Rispens sill harren twitterjend nei de einbestimming lifte. Oefenje it hiele jier al om de tomme omheech te hâlden. Hawwe in hekel oan warme hotelkeamers en geane net foar de  whiskey nei Skotlân mar foar de natoer.

KLaas Malda en Amarins Bouma


Wat stiller wat better, is meast it motto fan Klaas en Amarins(?). Dat is lykwols net altyd suksesfol. Binne krekt wer op temperatuur nei de lange stop ferline jier. Wolle revâns, oefenje wol gauris mei liftsjen nei Boazum en sms-se dit jier bij elke lift.

Arjen Klaversma en Wytske Vermeulen


In debútant út Mantgum mei in âlde rot fan earder Kûbaard. At lifte in sport is, meitsje sij in grutte kâns. At skeelers tastien binne ek. Arjen docht foar dizze gelegenheid in sjurt mei lange mouwen oan en Wytske giet sûnder holle doekje. En Arjen lit ús witte dat hij Wytske oerhelle hat om yn Mantgum wenje te kommen en Wytske him oerhelle hat om mei nei Skotlân te liftsjen.

Tsjeard Hofstra en Beitske Kooistra


Tsjeard giet altyd foar de priis en Beitske foar de krâns. At se mei harren frysk ek in Ingelân en Skotlân sukses hawwe is de fraach. Tsjeard kin alle benzinestasjons
yn Europa út de holle en Beitske wit alles fan leefberheid op it plattelân.

Gertjan Hulzinga en Karen Buunk

Der giet neat boppe Grins. Dochs wol: de liftwedstryd fanút Wommels. Gertjan foar de safolste kear en dizze kear mei in debutante: Karen. Komt út in echte Grinzer liftfamylje en wij hawwe begrepen dat der bij dizze sportive, reislustige fysioterapeute en bij har mem yn Scheemda al in sûne wedstriidspanning is ûntstien.

Marije Peenstra en Willem Visser



Marije Peenstra docht al wer foar de twadde kear mei. Ferline jier wist se Jaring út dy ferfelende waarme hotelkeamers wei te hâlden en dit jier docht se al mei op routine. Willem Visser, wit alles fan iten, komt út Rien, keatst, fyts hurd en kin mei in Skots aksint prate.

De bestimming yn Stirling

Van: Willy Wallace Hostel [mailto:willy.wallace@btconnect.com]
Verzonden: maandag 23 november 2009 16:39
Aan: Tsjeard Hofstra
Onderwerp: Re: website enquiry

Hi, 
Thanks for your email, this looks like a fantastic race that you have planned. We can certainly accommodate you for the dates that you require. We can also organise our staff for the late arrivals that you will have.
 
The cost of accommodation is £14 per person per night and you can book beds online via our website at
www.willywallacehostel.com
 
We look forward to having nyour group and Stirling is a great place for new year.
Kind Regards
 
Willy Wallace Hostel
(
www.willywallacehostel.com)

Fan Stirling nei Bremen

LEAVE LIFTERKES..
Der is boekt! Tweintich persoanen op in Ryan-air fleanbuske.. nei Bremen
At wy yn ús libben noch ris in fleantúch kape wolle, dan is dit ús kans!

De priis wie jammergenoch al wat omheech gien..
We kinne gjin tassen ynchecke.. alles wat we meinimme kinne is hânbagage (of je moatte op it fleanfjild bybetelje, dat kin natuurlik ek)
In tas mei 10 kilo swier weze en 55sm x 40sm x20sm grut. Dit is ynklusief kamera’s, hântaskes en beautykezen.

(Wisten jim trouwes datst by Ryan-air by 18 inkeltsjes en 2 retourkes koarting krijst?)

Haaihaai!

Namkje.

Fan Bremen nei Wommels

Alvast bedankt voor de aanvraag van een offerte voor Bremen Wommels. Ik heb het ook nog even bekeken , en kom uit op 272 km x 2 = 544 km
6 rijtijd uren en 1 uur rust voor de chauffeur, tevens komt er nog de duitse belasting bij.

Ik hoop je zo voldoende te hebben geïnformeerd , graag zie ik je reactie tegemoet .
Ps. Ben wel benieuwd wat een liftwedstrijd inhoud, maar kom ik vast nog wel eens achter !!! veel plezier.

René van der Bles, directeur 

In de nacht fan 1 op 2 jannwaris
Tusken 0.00 en 1.00 komme de lifters oan bij Jimbar. Elkenien is dan herte wolkom.