Lifterkes -sneon-

Âldjiers-wepperkes
30 december 2005
Tige tank!
31 december 2005

Briefke mei ferstannich praat
Dat de kâlde oarloach al dwaande wie koene wij dizze wike al sjen yn it MSN petear fan Sjoerd en Jan. Yn dit stik fan it ienige SDS koppel (dat dit jier echt de lêste kâns kriget om heech te einigjen) wurde alle dielnimmers efkes “skoffeard”. 
In prachtich stik mei ferstannich praat , sa’t se sels sizze. 

Fryske top100
Hjoed is de Fryske top 100 op omrop Fryslân. Spesjaal foar de lifters hawwe wij in reaksje stjoerd nei de omrop mei in ferwizing nei nummer 16. Mooglik dat der tusken 4 en 5 oandacht oan bestede wurdt.

Tip fan Hans
Wy hawwe de goede side dan ek fûn. Spitich  dat der gjin plakjes frij wiene mear yn’e ploech. Wy hiene der graach by west. Oare kear mar better! Fansels wolle wy jim wol alle gelok, súkses, wille en wiisheid tawinske by dizze tocht, oer de besnijde, glysterige, nauwelijks begeanbere dykjes fan Poalen J. Neffens myn âld-buorfrou fan Poalske komôf, kin it fertuten dwaan wat aardichs as wat lekkers mei te nimmen foar de sjauffeurs dy’t jim meinimme. Docht it skynber goed yn Poalen.  Nochris súkses winske! Groetnis, Hans en Marijke!

AC-DC
De echte fans fan AC-DC komme no boppe tafel. Feike Jorritsma jout ús ek noch wat muzikale tips:
– DER IS NO HYWAY TO HELL
– HELL’S BELLS

Lifters Top 10 aller tiden
1- AC/DC – Hell ain’t no bad place to be
2- Entombed – Full of Hell
3- Mobb Deep – Hell on earth
4- Darkness – One way ticket to Hell,….and back
5- AC/DC – Hell’s Bells
6- Nina Simone – Go to Hell
7- The Datsuns – Motherfuckers from Hell
8- Meat Loaf – Bad out of Hell
9- Starzy sisters – Go go to hel
10- Motley Crue – Louder than Hell

Platen dy ’t de top 10 krekt net rêden:
* Black Sabbath – Heaven and Hell
* The Misfits – Living Hell
* Machine Head – Hell Alive
* Saxon – To Hell and back again

It hiele liftdossier kinne jim hjir fine

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!