Lifte 2008 (diel 2 slot)

Lifte 2008 (diel 1)
1 januari 2008
Foarrondes Midwintercup 2008
2 januari 2008

Op dizze side wurdt it liften fanôf 23.00 oere 1 jannewaris bijholden.
It earste diel fan de wedstryd kinne jim
hjir sjen.

23.15 Klaas en Amarins
Hey Aant alles klar? Wir sind nabei Nurnberg. Mei in dikke Dutser . Gjit lekker.

23.59 oere
de posysjes sa ûngefear

24.00 Mail fan Jan Stenekes
Myn ynskatting is dat de earsten der moarn om in oere as 10.30 weze sille. Dit omdat it stik nei Praag it minste is. Je ha lytse dykjes, meast troch de bergen/heuvels. Tink persoanlik dat dat nachts hiel min lift!

00.05 SMS fan Jeljer en Beitske
Yn in Mercedes foarbij Dresden. Helaas moasten we in liftende Dutske soldaat oensum efterlitte bij de pomp. Wat binne de posysjes.

00.10 SMS fan Douwe en Bram
Douwe en ik sitte oan it goud fan de Tukkers. We hawwe in hotel yn Oldenzaal. We hewwe hjir gjin bibel. Graach opstjoere. Over en uit.
Opmerking Aant: Dat opstjoeren hoecht net. Der is in bibel online.

00.20 Mail fan Siep Boonstra
Hallo, aant
as der nog teams binne die underdak nedich binne foar fannacht, dan binne ze wolkom
we sitte yn berlijn en hawwe nog wol een plakje oer
it bed is warm en it bier kald.
best western hotel albrectstasse keamer 516
we fernimme it wol.
groet siep &luchi

00.20 Mail fan Pension Droomland (het einddoel)
spannend hoor, we leven hier ook ontzettend mee. net gezien dat de update van 42 min geleden aangaf dat jeljer en beitske nog maar 343 km verwijderd zijn van het pension, als de lifts meezitten nog een 4,5 uur. haha, wordt dus geen volledige nachtrust hier. we gaan maar gauw slapen en we horen wel wanneer en van wie het eerste telefoontje mogen verwachten.
veel succes allemaal.
klaas en hanneke

00.36 SMS Namkje en Wybren en Tjitte Jelle en Wyts

Leave minsken thús. Utsetten op in totaal kansleas plak wêr’t nei hearen sizzen krekt in stel fan ús wei is. (Jeljer en Beitske?). No wer op wei, rjochting Wroclav, machtich.

01.00 SMS Tsjeard en Sjoukje
Gjin paspoort nedich. Top

01.10 SMS Jaring en Sjoerd
We binne wer út it sintrum fan Berlin. Wij ha in lift fan 50 km rjochting Poalen. Tige tank foar ot oanbod fan Siep.

01.15 SMS Jaring en Sjoerd
Beste landgenoaten, wij ha in lift fan Berlijn nei Wroclaw. Wij meitsje noch kâns op de beker?

05.00 SMS

Wybren, Namkje, Jaring Sjoerd, Tjitte Jelle en Wyts steane foar Wroclaw. Erg rêstich.

05.15 SMS Jaring en Sjoerd
Groetjes vanuit wroclaw ha ha. Wy bin goed

05.30 SMS Namkje en Wybren
Kâld oan e dyk. Jaring en Sjoerd ynruile foar Tsjeard en Sjoukje. Spannende einstriid dus Wij besykje us 4de lift mei syn fjouweren te krijen . Beferzen fingers. Kusje.

SMS  Beitske en Jeljer
Nei betsjinne te wurden troch in kok, djipgeand petear  mei CZ -polizei in donearre tros druven…. riden we no yn Skoda nei Hrader. Folch de skodarider

06.45 Mail Anneke Vermeulen (mem fan Wyts)
Goeiemoarn Aant,
Ungewoan betiid achter de kompjoeter, sa yn de krystfekansje. Mar wat wolst: we binne fansels tige benijd nei de einspurt fan us skatsjes!


08.15 SMS fan Jeljer en Beitske
Binne de earsten al oan. Wij Zamberk…

Opmerking Aant: Sij sitte aardich yn de buert, wêr’ t net folle autos’ mear ride en it te fier is om te rinnen.

09.00 Posysjes
Wij sille sjen at wij de posysjes yn byld krije. Bij us libbet it idee, dat de fingers beferzen binne en dat SMS-sen, sels foar betûfte sms-sers, dan dreech is. It liket er op dat jeljer en Beitske it tichtste bij binne, mar wa giet miskien stikem mei de heechste eare der fan troch?

09.15 Posysjes
Wij hawwe in pear reaksjes hân oer de posysje

Griene ballon: Jeljer en Beitske
Griene pun.: Sjoerd en Jaring (net hielendal wis)
Giel: Tsjeard en Sjoukje
Read; Wybren en Namkje

9.15 SMS Namkje en Wybren
Wij binne bij Klodzko. Noch even dus. Noch altyd mei syn fjouweren (Tjitte J en Wyts)

9.30 SMS Jaring en Sjoerd
Inkele oerkes fertraging yn Wroclaw. We ha no in lift nei Zabkowiece, sa’n 60 kilometer

9.35 SMS Jeljer en Beitske
Ride krekt Tsjeard en Sjoukje foarbij. Minder as 20 kilometer te gean. Oant sa

9.40 SMS Boukje en Paul
We hawwe no in lift nei Klodzko. Noch even en we binne der. Lekker sliept!!!

9.50 Posysjes
It hat noch nea sa spannend west. It liket der op dat jeljer en Beitske oan de kop gea, mar hoe sit it mei Klaas en Amarins. Of soarget it ferrassende sterket team fan Rispens noch foar in stunt? En wêr binne Tjitte J en Wyts

Grien: Jeljer en Beitske
Giel: Tsjeard en Sjoukje
Read: Wybren en Namkje
Blauw: Paul en Boukje
Griene punt; team Rispens

09.45 Mail Hanneke Schrader fan it pension
spannende strijd hoor, heel benieuwd.
de kachels staan al te branden en de koffie wordt vers gezet.
ook hier wordt enthousiast meegeleefd met de ervaringen van de lifters.
klaas en hanneke

Doel

Wij hawwe efkes op de tsjechyske google earth sjoen (www.mapy.cz) en dan soe it hjir ûngefear wêze moatte.

10.09 Mail fan Feikje Bakker (mem fan Beitske)
Allegearre in goed nijjier tawinske. Ha krekt kontakt hân mei Beitske. Hja binne der hast. It hat wol fertuten dien dat ik har personal coach wie; it liket der op dat hja earst wêze sille of der moatte al in pear wêze. Hja sitte no yn har lêste liftauto. We libje hjir mei eltsenien mei, ek mei dy minsken dy ’t noch yn ‘e kjeld ûnderweis binne. We ha noch wol plak hjir.

10.10 Jeljer bellet

Jeljer en Beitske binne as earsten oankommen. It wie in drege reis, mar doe’t it ljocht waard gie it wer wat better. Sy sitte no oan de kofje.

Fan herte lokwinske, in geweldige prestaasje.

10.15 SMS fan Klaas en Amarins
7 oeren yn it altyd moaie Nurnberg, no flak bij Kralove.
Opmerking Aant : dan is it noch sa’n 97 kilometer

10.20 SMS Tsjeard en Sjoukje

Noch 2 kilometer en dan klear.
Opmerking Aant: dat rinne sij yn 20 minuten

10.30 sms ke fan ,,,,,

40 kilometer door de sneeuw voor eindbestemming. Let op nummer bord. Wij gaan zo wie zo met zijn vieren over de finish.

10.35 Mail fan Hanneke Schrader


excuses als ik de namen niet goed schrijf maar sjoukje en tsjaerd zijn ook binnen.

10.45 Sms fan Tsjeard en Sjoukje
Noch 10 bêden oer. Moai plak! Grutste liftútdaging oant no ta. Sprookjes lân hjir!!!

11.00 Mail fan Ale Bakker
Beitkse en Jeljer,
fan herte! Jack en Ale

11.05 Mail fan Wouter Jorritsma
Ook Freez.it volgt het liftavontuur via de SDS site op de voet. Erg interessant en zo te zien is het erg spannend. Het gebruik van het GPS systeem plus Google Maps is ook een prachtige toevoeging! Succes aan de lifters en aan Aant voor de zeer regelmatige updates, goed bezig!

11.15 Mail fan Tsjeard
Oankommend jier sels op de locatie elk opvange mei in sleeptop op skoat!!! Is de moeite wol. We ha de earste Pivo te pakken. Foto`s komme!! machtich, site is super om te lezen, spitich fan GPS accu!
We wurde hjir top fersoarge, Jan mei wol faker wat utsykje!
 
Groetnis fan allegear!

11.20 Mail fan Jan en Tjally Rispens
Jeljer en Beitske fan herte lokwinske!Jimme en de oare teams gesellige dagen tawinske! En in goede reis wêrom!Jaring en Sjoerd, jim hawwe diskear in goede striid levere!
Opmerking Aant: dat mei seker wolris sein wurde.

11.35 SMS fan Wytske en Tjitte Jelle
Jaaaaaaah…. Leste lift 14 km foar einpunt..  Sa spannend (foar us noch iig)

11.40 Mail fan Pier Zijlstra (heit Jeljer)
Foarearst de “liftstjerren” Beitske en Jeljer lokwinske mei de oerwinning. Fjirder de hiele ploech fansels, want jimme nimme hiele kloften mei de grins oer en it is machtich  om de striid en de routes te folgjen oan de start fan in nij jier! Aant klasse!  Fjirder benijd nei alle ferhalen.

11.45 SMS fan team Rispens
Bijna bij de grens

11.50 Omrop Fryslân
Beitske hat fanút Tsjechie ferteld hoe’t it dêr is. Prachtich dus. Hiel tefreden sitte se te genietsjen bij de houtkachel en mei in bierke. Mei muoite kinne se de eagen iepen hâlde.

11.55 Mail Teade Rispens
Ik probear de prestaties fan mien broerkes ek in bytsje yn e gaten te halden en ik moat sizze dat it mij dit kear 100 % meifallen is. Der is allinnich ien ding wat ik net hielendal begryp. Neffens mij bin der no 2 teams oan, Jeljer en Beitske en Sjoukje en Tsjeard. Sa ik begrepen hie wienen der 16 bêden beskikber. Tsjeard jout echter oan dat er nog 10 plakken oer binne. Is der ergens toch nog in oar team oankommen die ik mist ha of hat Tsjeard wat moeite mei tellen ?

11.55 Mail fan Gerrit en Margje Koudenburg
Beits en Jeljer: geweldich: lokwinske!Tsjeard en Sjoukje: twadde: prima dochs? Ek fan herte. De oare dielnimmers noch in protte sukses tawinske fanut de Franske Alpen.
Opmerking Aant: It is wol aardich om te sjen: de mail fan jim wurdt omskrean mei as ofsinder: Client Cybertable

12.00 Mail fan Sjoerd van Beem (ex team jan Stenekes)
alle respekt foar de lifters! Wat sille se wer in hearlike nacht hand ha.
Ik winskje se in machtich ferbliuw en weromreis.
Om net mei te dwaan is op syn minst ‘net leuk’ te nimmen, mar ik ha al genoaten fan it folchjen fan dizze rit. Aant bedankt.
 
p.s. Jaring en Sjoerd, jim binne koel!

12.00 Mail fan Jan Stenekes (eks team Sjoerd van Beem)
Ik siet der net sa heel fier fanof mei de ferwachte oankomsttiid. Om precies te wêzen 20 min. Mooi ferhaal op de radio! 

12.05 Mail fan Sytze Jorritsma
Aant, hulde oan dy troch alles sa mooi by te halden, en uteraard hulde oan de lifters
 

12.10 Mail fan Nynke Kuipers
Nei dat ik it winnende koppel juster nog spotten haw by it Viaduct fan Winsum, fyn ik it super om jim allegear te folgjen! Krekt even heart op Omrop Fryslan, echt hiel leuk! En fan herte natuurlyk, Jeljer & Beitske!! Ik bliuw it yn de gaten halden, leuke studie afwijkende besighiid! Wyts en Tjitte Jelle sille der no ek hast weze? Geniet der mar lekker!! Leafs Nynke ut Winsum! (Freondin fan Wytske)

12.15 Mail fan Sipke Hiemstra
Jeljer en Beitske, lokwinkse mei jim oerwinning!  Ek de oare teams dy ’t der al (hast) binne lokwinske. It wie prachtich om it te folgjen en de oare kear slagget dat miskien noch better want as je it yntensief folgje wolje je graach sa no en dan alle posities (en wisselingen) sa no en dan hieklendal yn beeld ha. Aant, ek do bedankt foar it aktueel halden en it smoute kommentaar.

12.20 Mail fan Droomland



Tjitte Jelle en Wytske  en Namkje en Wybren binne ek binnen.

12.20 SMS fan Wytske en Tjitte Jelle
We binne oan!! Wer tredde. Wat in supertocht ha we hân. No in kâld bierke.
Opmerking Aant: De priis foar it grutste entoesjasme is foar Wytske. Hearlik.

12.30 Mail fan Johannes Bouma (broer fan Amarins)
Hoi hjirby t stikje fan omropfryslan foar op de site. Wie best genoch. Mien gelûdskaart is net sa best mear.
Opmerking Aant: Wij sille sjen wat wij dwaan kinne: mooglik dat Omrop Fryslân ús ek noch helpe kin. Dat hawwe se al ris earder dien. Tige tank yn alle gefallen

12.35 Mail fan de FNP freonen fan Wymbritseradiel
Jeljer en Beitske fan herte lokwinske !!
En groetnis oan alle minsken yn it moaie Tsjechyske Vysnene Zeme.
Freonen FNP Wymbritseradiel, Sicco Rypma
Opmerking Aant: Beitske sit yn de rie fan Wymbritseradiel

12.40 Artikel Ljouwerter Krante
Op ynternet al in artikel oer it liftsjen. Prachtich.

12.40 Mail fan Anneriek
Jeljer en Beitske, fan herte lokwinske mei de oerwinning! Hartstikke bêst dien (hoe kin it ek oars mei sa’n goede personal coach).
Foar de oare bekinden: ek hiel bêst dien hear… en it wie geweldich om jimme reis te folgjen.

12.45 SMS fan………???
Wij sitte bij Kralové. Kâldeftich

12.50 Mail fan Jaring en Sjoerd Rispens

Dit engels echtpaar brengt ons spontaan op de eindbestemming! Nog 15 km.
Opmerking Aant: Der brekke hjir spontane doarpsfeesten los at jim oankomme.

13.10 Mail fan Catrinus Kooistra
Beitske, efkes yn it skoft op it wurk in berjochtsje fan dyn heit.
Lokwinske mei jim prestaasje om as earste oan te kommen op plak fan bestimming yn Tsjechie. En, yn hokker tiid, geweldich. No earst mar efkes utrêste en dan op nei de snie?????? Lit it mar heare. Genietsje der fan, hoi. P.S. Foar allegearre folle seine tawinske foar 2008


13.30 mail fan Anne Marije Hofstra
Ja hjer, Beitske hat eindelijk har TOP partner fún! Trije kear scheepsrjocht! Fan herte!!Tsjeard & Sjoukje jim naturlik ek fan herte, alwer twadde!!! Jaring & Sjoerd… toppers dat jim binne!! Jim komme der wol!Machtige spannende race.. dat GPRS gedoe is echt leuk…
Genietsje nog mar efkes fan jim “fakansje”

13.30 Mail fan Wouter Jorritsma
Wij krigen it lûdsfragmint fan Omrop Fryslân fan Johannes Bouma en troch meiwurking fan Wouter Jorritsma fan Freez.it is dat fragmint hjir te hearen. Tige tank foar de meiwurking beide.
Dus wa’t in tige lokkige Beitske net heard hat, efkes harkje.

13.35 Mail fan Hanneke op lokaasje yn Tsjechie.


Sjoerd en Jaring en


Boukje en Paul zijn ook gearriveerd.
Opmerking Aant: De komplimenten binne seker ek foar it team Boukje en Paul. Noch mar in wike bekend dat se meidogge en Boukje as debutant hat it fansels prima dien.

13.45 Stân fan saken
Binnen:
1. Jeljer en Beitske
2. Tsjeard en Sjoukje
3/4. Tjitte Jelle en Wyts
3/4 Wybren en Namkje
5/6 Sjoerd en Jaring
5/6. Boukje en Paul

Noch net binnen
Klaas en Amarins mar dat duorret net hiel lang mear ferwachtsje wij

Stoppe
Bram en Douwe: sitte no op bibelstúdzje yn de Achterhoek

14.20 Omrop Fryslan bellet
Sij sille besykje Klaas en Amarins efkes te beljen. Om harren ferhaal te hearen. Wannear krekt witte wij net.

14.25 Mail fan Rients en Clara (Famylje fan Boukje)
Fijn dat jimme der binne. Nog folle lok en seine foar 2008.
Nei san lange spannende reis no nog maar even genietsje.
O
an’t sjen in Wommels

15.35 Omrop Fryslân
Willem de Vries hie yn it programma Noardewyn in leuk petear mei Klaas Malda, oer harren belibbenissen. Hij en Amarins reizgje it lêste stikje mei de trein, om sa wat earder bij it feest oan te kommen. Klaas fertelde dat it bij Nurnberg misgie want dêr moasten se 7 wachtsje op in lift nei Praag. Spesjaal foar Klaas draaide Willem Reboelje mei Merkeman.

15.50 Mail fan famylje Hulzinga(alders fan Gertjan dy’t dit jier helaas net mei koe)
Hallo Aant. Geweldich dast dy wer sa ynsetst foar dizze happening. De grutste kanshawwer is hjoed al wer druk oant wurk op stage (Gertjan) Wy jouwe Jeljer en Beitske no de gruitste kans, want yn in Skoda moat it altyd slachje fansels! Mar alle lifters succes winske fansels. We sille omrop Fryslan ek efkes hearre. Groetnis Gerrit en Anneke
Opmerking Aant: ik haw ik idee dat dit mailtsje hiel lang ûnderweis west hat. It is echt om 15.50 binnenkommen.

16.00 oere de temperatuur
 
Efkes in oersicht fan de temperatuur op 2 jannewaris yn Hanusovice

16.15 Mail fan Hanneke Schrader
T is erg leuk dat ze zo dicht op elkaar binnenkomen.
Hadden we niet verwacht, we zitten echt op een afgelegen plekje maar iedereen is geloof ik erg enthousiast.
Op dit moment slapen er een aantal en een man of 6 zitten gezellig in de bar aan het bier.
De laatste 2 verwachten rond een uur of 6 in Kraliky aan te komen, die zullen we daar dan vandaan halen, kunnen die ook nog even een gezellige avond hebben.
En die gratis reklame voor omroep Friesland zijn we erg blij mee, altijd leuk voor startende ondernemers.

16.20 SMS fan Bram en Douwe
De link nei liftdei twa docht it net. Earsten al oan? Wij stoenen op it gefaarlikste pompstasjon neffens de NOS. Alle hotels wiene ticht. We hewwe protte pech.
Opmerking Aant: De link docht it bij mij wol. Dat de earsten oan binne stiet op dy side en ik sil op syk nei dat benzinestasjon.

16.55 mail fan Anneke Vermeulen

As treastpriis foar Douwe en Bram hjir twa foto’s fan harren fleanende start. Ik hie se in lift jûn fan de Terp nei it kruspunt: se wienen sa mar fuort!
Alle oare lifters lokwinske mei jimme prestaasje! En alfest sterkte foar de weromreis(?!).

19.00 Binnen? Ja!

It feest kin losbarste. Hanneke jout troch dat Klaas en Amarins binnen binne. 
De hiele greidhoeke  hat fêst mar efkes bijelkoar west om dizze helden ta
te sjongen. Set him mar goed lûd, it is foar jim!!!!

19.20 Mail fan loftmeinimmers winners
Gefeliciteerd met jullie geweldige prestatie. Wij zijn er grutsk op dat wij de winnaars hebben vervoerd richting Duitse grens. Geniet even van jullie  (ski)vakantie en van jullie victorie. Groeten, Matthijs Vleugel, Margreeth Korten, Annelieke Vleugel

Wat letter

Yn it eardere ferhaal waarden sprutsen oer in auto ‘wêr’t Wybren útstapte: De foto wie fia de tillefoan binnekomen en it resultaat mei der wêze.: De Wyb 1272, in deeglike Poalske gesinauto, dy’t rint op koalen.

 

2 jannewaris 21.00  apres liften

 

3 jannewaris 13.00 oere berjocht fan Jaring

We fermeitsje ús prima hjir! Binne no oan it skieën. Moaie wereld hjir.

 
Soene je der net jaloers op wurde??

4 jannewaris SMS ke Tsjeard
Wij binne ûnderwei werom. Prachtich hân.

4 jannewaris SMS Jaring

Borat, boris, vladimir en gronstava ha in super lift. We ha in trein kaapt en riide no rjochting de thûsbasis. We hoopje moarn om 1400 wer yn wommels te wezen

4 jannewaris Mail Dirk van der Woerd
Op 01-01-08 om ongeveer 17.00 uur reden wij vanuit huis (Herxen, ten zuiden van Zwolle) om naar een nieuwjaarsontmoeting van onze familie te gaan in Bennekom. Bij het kruispunt Hattemerbroek (A28/A50, bij Zwolle) reden wij de A50 op naar het zuiden en daar zagen wij tot onze verbazing twee jongens lopen met koffer op een plek waar normaal gesproken niemand loopt of zelfs mag komen.

Mijn vrouw en ik besloten onmiddellijk te stoppen en we konden zo Douwe en Bram meenemen. Zij deden mee aan een lift wedstrijd, komend uit het noorden van Nederland, op weg naar Tsjechië!

Bij Apeldoorn moesten zij er weer uit, maar onderweg konden zij even op temperatuur komen. Zij hadden al meer dan een uur in de vrieskoude  buiten gestaan en gelopen. Vrijuit vertelden Douwe en Bram ons wie zij waren en waarom zij op reis waren.
Het was leuk om deze twee ondernemende jongelui even te mogen ontmoeten. We horen graag van hen hoe het is afgelopen. 
Bij de afslag Apeldoorn-Teuge hebben we hen afgezet in de hoop dat zij snel een vervolg-lift zou kunnen vinden via de A1 in de richting van de Duitse grens.
 
Douwe en Bram, het ga jullie goed! We hebben inmiddels op jullie advies de website bekeken, alleen snappen we neit zoveel van de Friese taal!
 
P.S. Misschien is het wel aardig om dit bericht door te sturen aan hun ouders!

4 jannewaris 2007 Mail fan Margreeth, Matthijs, Annelieke, liftmeinimmers fan Jeljer en Beitske
Fantastisch jullie in het Tjechse te zien. We zijn benieuwd naar jullie volgende uitdaging. Hâld ús op ‘e hichte! Groetnis Margreeth, Matthijs, Annelieke
 
5 jannewaris de weromreis
Op freed 4 jannewaris om 20.35 binne se yn de trein stapt yn Praag. Fia Dresden, Leipzig, Frankfurt, Koln, Arnhem en Utrecht binne se yn Ljouwert oankommen.
Dêr hawwe se de bus pakt oant Winsum ta.

De lêste lift
Yn Winsum begûn de lêste etappe. En hoe kinne je dat lêste stikje better ôflizze as op de tomme. Ek al omdat de bus troch pech net fierder koe.
Yn stijl kamen se foldien yn Wommels oan en kochten yn Jimbar noch in bierke.

Noch wat opfallende saken

* Heal west Europa is bestikkere mei de tekst : I love Fryslân. Beitske seit fan neat te witten.

Under elke tafel wêr’t se iten hawwe…..


Op elke Tsjech dy’t it sizze koe…….


Op elk stasjon ek al wie it oan de hege kant……


Yn de nachttrein fan Praach Nei Amsterdam

* Jeljer en Beitske krigen noch in mailtsje fan ien de liftmeinimmers:
Hello Beitske and Jeljer,

we have seen, you had won the race!

Gratulation und greetings from Annette und Holger (the policespokesman with the old black Mercedes 250 from Delmenhorst to “Allerthal”).

Holger Jureczko

* 5 dagen op paad troch West en East Europa. Bij de Poalske grins en de Tsjechyske grins waard net frege of omsjoen nei paspoarten. De earste kear dat er wol frege waard nei it paspoort wie yn de trein yn Nederlân bij Arnhem. 4 maresjosees moasten in pittige diskusje fiere mei 14 dwerse lifters om it paspoart sjen te krijen.

* It wie mar goed dat de webmaster net mei wie te liften, want sa’t no bliken docht wiene der 7 huskys yn it pension wêr’t se dizze nachten trochbrocht hawwe. En dizze webmaster hâldt net fan hûnen.

Mail fan Hanneke út Tsjechie, dy’t ferdomd goed Frysk lêze kin:
fijn dat iedereen weer goed thuis is gekomen. t Was een fijne groep om op bezoek te hebben.
En vwb de 7 huskies, die hebben we, maar komen in principe niet in het pensiongedeelte, gelukkig hebben we ook een priveverblijf.
Tenzij mensen het erg leuk vinden de honden om zich heen te hebben, dan mogen de honden wel even komen kijken wie we op bezoek hebben.


* Op Swingoerd 25 stiet no in prachtich bierglês út Tsjechie. Foar it bijhâlden fan de trip. Tige tank dêrfoar.