Lifte 2008 (diel 1)

Âlderlêste wepperke fan 2007!
31 december 2007
Lifte 2008 (diel 2 slot)
1 januari 2008

Op dizze side kinne jim de wedstryd streekrjocht folge fanôf de start om 13.30 oere bij Jimbar.
Reaksjes kinne maild wurde nei
sds-nijs@home.nl.

De dielnimmers: sjocht hjir
In foarútblik: sjoch hjir
Der binne in oantal teams mei GPS apparatuur op stap: sjoch hjir

Foar de start:

02.46 oere sms team Rispens
Hé aant. De beste wensen! De gebroeders rispens zijn druk bezig met de voor bereidingen. Waar gaan we ook alweer heen? Praag is een mooie eindbestemming toch? Groetjes

11.30 SMS Wytske
He Aant, Kinst noch in oprop op de side sette dat eltsenien dy’t in goeie kaart hat fan tsjechie, mei Hanusovic derop, dy foar ús mei nimt nei de bar? Fjierder goeie foarberieding hân.

13.30 Start

13.45 SMS Wybren Namkje en Jeljer Beitske
Op nei Ljouwert

13.50 Trackr
It Gps systeem wurket goed. Sjoch hjir foar de posysje fan 4 teams. Douwe en Bram binne noch net ynlogd.
Der binne in oantal teams mei GPS apparatuur op stap: sjoch hjir. Klik op ien fan de kaartsjes en dan op it ballontsje en dan kinne jim sjen dat team Rispens no bij Goutum stiet en dat Tsjeard en Sjoukje en Paul en Boukje bij Nijlân steane. Tjitte en Wytske race mei 124 km rjochting Snits.

14.15 Trackr
Op it kaartsje is te sjen dat er op de A7 in felle striid wie tusken team TjitteJelle en Wytske en team Tsjeard en Sjoukje . It liket der op dat TenW flak foar it Fean bij in pompstation stenae, wulst TenS foarbij ride.
Team Rispens is sa te sjen noch nij Ljouwert yn de buert.
sjoch hjir.

14.20 SMS-ke Wytske en Tjitte Jelle
Doarpshellen….Der binne wij yn twa liften kommen. Krekt twa koppels foarbij  riden. It fielt goed.

14.22 SMS-ke Beitske en Jeljer
Lokkich nijjier noch. Wij ha in lift nei de Dutske grins

14.25 Trackr Team Rispens
Sij ride yn de buert fan Marum en kieze dus foar de noardlike route

14.27 SMS-ke Wytske en Tjitte Jelle
Hie it goed mei it goeie gefoel. Earste beste auto bringt ús no nei Arnhem.

14.30 Trackr Tsjeard en Sjoukje
Sij ride mei 90 km per oere rjochting Hearrenfean. Sjoch hjir.

(opmerking Aant oer trackr: de ôfspraak mei de teams is om it systeem sa folle mooglik oan te holden. Mar dat kin net de hiele reis. Dêrfoar geane de accu’s net lang genôch mei. Om dy reden sette se it syteem sa no en dan efkes út. Bijgelyks Tjitte J en Wytske dy’t no in lift hawwe nei Arnhem. Sij binne no efkes offline.)

14.35 SMS-ke Wybren en Namkje
Mei lytse stapke. Fuortstjoerd bij tankstasjion Ljouwert. No bij aardige Grunniger yn é bak. Krekt ynhelle troch team Rispens. Ridlik…ridlik.

14.40 SMS-ke Tsjeard en Sjoukje
Rock n roll. Gjit moai. Wêr binne we?
Opm Aant: dat silsto net witte?

14.45 Trackr: Tjitte Jelle en Wyts

Sij binne wer on-line en wolle ús sjen litte dat se 137 km per oere ride.

14.45 Track  Bram en Douwe
Sij geane in alternative route. Ride bij Lemmer krekt binnen de maksimumsnelheid (119 km) Klik op kaartsje fan Douwe en Bram.

14.45  Track Paul en Boukje


Sij ride yn de buert fan Toppenhuzen mei 42 km per oere.
Sitte se miskien yn yn Aixam Sportmodel ?

14.55 Trackr
Op de A7 rjochtin Grins is in fúle striid dwaande tusken ferskillende teams. Sa te sjen stiet team Rispens stil bij Marum.
Tjitte jelle en Wyts geane fia Arnhem en team Bram en Douwe fia de polder.
Fan team Malda/Bouma noch gjin melding

15.00 Swingoerd: Aant
Wij kinne it thús fia Trackr prima folge. Wij binne wol benijd wat jim der fan fine om it sa te folgen. Mail in reaksje nei dit adres.

15.10 SMS-ke Boukje en Paul
Boukje is “ontmaagd” , op é terp yn Wommels al in lift nei Boalsert. No op é efterbank fan Opel nei ..Bremen. We komme der oan.
Opmerking Aant: salang it mar gjin Fiat Multipla is, is alles best

15.12 SMS-ke Tsjeard en Sjoukje

Gerbrandy hat de stellaazje  yn Grins stean. Fielt as Wommels. Sjogge de dvd fan Guus Meeuwis. Gesellich mei Ronald.
Opmerking Aant: Ja, ja at wij dy thús oanstean ha, moat er út!!!!!!

15.16 Trackr
Wij sjogge team Rispens mei 127 km per oere rjochting Grins riden en team TjitteJelle en Wyts mei 13 km bij Apeldoorn yn de buert.

15.25 gjin melding

Dit binne Klaas en Amarins. Sij hawwe of gjin beltegoed of sij dogge stikem mei.

15.25 oere Trackr
Sjoch hjir foar de posysjes fan krektlyn.

15.45 SMS-ke Klaas en Amarins
Hoi Aant, groet fan ús út das Ruhrgebiet. Bargedúts. We krije in Porsche te lien oan bean. Giet lekker.

15.50 SMS-ke  Tsjeard en Sjoukje

Hoefier kinne wij mei 1300 liter diesel komme en 95 km per oere?
Opmerking Aant: ik tink wol oan Kopenhagen ta.

15.55 SMS-ke Namkje en Wybren
Wij ha no in lift de grins oer. Eindelik. Aardich wat gepruts yn Grins. No in pear oerkes om waarm te wurden. Hoe ist mei de oaren?
Opmerking Aant: poerbêst, se sitte foar jim en efter jim

16.15 Opmerking Aant

Dy jonges fan it CDA (Bram en Douwe) kieze wol hiel resoluut foar it poldermodel. Sij bliuwe dêr wol hiel lang.

Mail Albert Holtrop (omke fan Tsjeard)
De wedstryd is prima te folgen fia Trackr.

16.30 SMS-ke Tjitte Jelle en Wytske

Op de Dútske grins in lift nei Kassel. Wij freegje ús al ôf at de jeugdherberch yn Tsjechie jûn ek iepen is?

16.35 Mail van Halma
Op de tweede lift van Bolsward Joure is Tsjeard zijn kaart van Nederland vergeten. Mocht hij deze terugwillen horen we het graag.
Veel succes gewenst met de reis!

16.45 SMS -ke Namkje en Wybren
Mei in machtfint en sawat twa kear de snelheid fan Tsjeard en Sjoukje cruise wij rjochting Osnabruck. Hij freget werom wij sjonge: wir sind fan Deutschen bloed. 
Opmerking Aant:
Duitse bloed betekende in de 16e eeuw zowel Duits als Nederlands. In de Middeleeuwen waren Nederland en Duitsland namelijk één groot rijk. Je had toen midden, hoog en laag. Nederland behoorde toen tot het midden.

16.55 Mail Jan Stenekes dy’t helaas net mei koe.
Ik mut bekenne dat ik it moeilijk fyn om fanachter de computer de liftwedstryd te folgjen, mar no’t ik hjir sit bin ik der net achter wei te slaan. Echt super die gps dingen! Hest do ek in lokaasje fan Beitske en Jeljer. En is de lokaasje die klaas oanjout wol wier?? 
Opmerking Aant: It lêste berjocht fan Jeljer en Beitske wie in lift nei Bremen en de lokaasje fan Klaas en Amarins twifelje ik ek oan.

17.00 oere SMS team Rispens

Hè thuis front! We zijn in 3 liften aangekomen in bremen. Paul en boukje zijn hier ook. Wij hebben nu even pauze. Gaat wel goed hè! Groetjes de gebroeders rispens.

Omrop Fryslân
Ek omrop Fryslân docht berjocht oer de liftwedstryd.

17.30 Mail fan Gerrit en Margje Koudenburg âlders fan Namkje en Sjoukje 
Hee lifters set em op.Wy foljgje jimme fanut Frankryk. Groet fan Gerrit en Margje.

17.30 Mail fan Sipke Hiemstra
Moai te folgen, ik ha 6 kaarten op e tafel om te sjen wa welke route folget. It leste stik yn Tsjechie lyket my wol dreech. Wa giet troch Polen? Kin Tjitte en Wytske ek wer efkes ynlogge?
Opmerking Aant: Ik sil kontakt sykje mei Tjitte en Wytske en ik tink dat team T en S troch Poalen gean

17.35 Mail fan Jan R.
Werom docht net ien die gps dingen oan? As binne de batteryen no al leeg?
Opmerking Aant: Batterijen kinne 6 oeren mei. Dêrom hawwe se it ding net hieltyd oan. Haw Bram krekt oansprutsen om kontakt te meitsjen.

17.35 Mail van Bram en Douwe
Apeldoorn. We sjogge fjoerwurk. Liften binne leuk. Web adres trouw jun.

17.40 SMS Klaas en Amarins
Porsche ôfsein. Wij geane nei Dútske Gayparty yn Frankfurt. Hoe hjir Ale G. syn homo imitaasje ek al wer?
Opmerking Aant: dat sykje wij op Klaas en jim binne wol wat út de koers net?

17.45 SMS Tjitte J en Wyts
Us batterij fan GPS is op. Wij sms-se no wer. Tut fan it topteam.

17.50 Trackr
Der binne noch twa Tracks yn de loft en dy steane beide stil bij in benzinestasjon bij Bremen yn de buert. Sjoch hjir.

18.00 SMS van Paul en Boukje
Wij ride no troch natuurpark Walsrode. We seagen krekt 4 aapkes  stean bij in benzinestation bij Bremen.
Opmerking Aant: Fryske aapkes seker)

18.10 Mail fan Klaas en Hanneke, harren gastgesin yn Tsjechie.
Wij vanuit Tsjechie volgen jullie natuurlijk ook, heel veel succes en sterkte.
En natuurlijk een geweldig 2008, de start is in ieder geval geweldig!
 
Groeten klaas en hanneke, www.vysnena-zeme.eu

18.15 SMS Tjitte Jelle fan team Wytske
Us driver praat oer de “string” teory. Jim snappe dat dit mij oansprekt-
Opmerking Aant: Ja seker, neidat ik opsocht wat dat wie:
Is de String-theorie een werkelijke oplossing om de algemene relativiteitstheorie en de relatieve quantum-veld theorie te verenigen of is het het product van de menselijke wens deze twee te verbinden?

Alles fierders goed?

18.15 SMS Jeljer en Beitske
Krekt in lift hân fan in polizeiwurdfierder. No mei in jonge dy’t syn freondinne ophellet? Braunschweig. Wat is ús posysje.?

18.30 Trackr Tsjeard en Sjoukje
Sij ride wer. Sjoch hjir.

18.40 Tillefoantsje fan Wytske
Giet super. Tjitte Jelle efter it stjoer en rydt dus lekker troch. Op de fraach at de auto stellen ha, jout Wytske gjin antwurd. Binne yn de buert fan Kassel.

18.45 SMS fan Wytske
Mei in jatten auto is it handiger de GPS út te setten, oars wurdt it wol hiel maklik foar die polizei ús te trasearen.

19.15 SMS team Rispens
Giet moai rap. 220 der foar en it is in lange lift. Wij binne even sa goed sa slecht noch net.

19.30 SMS fan Wytske

Tjitte Jelle mei 190 oer de autobahn. Oarspronkelike bestjoerder leit te pitten op de efterbank.
Wij sette koers nei Bad Hersfeld (20 km foar Kassel)

19.35 SMS fan team Rispens
Accu is leeg van dat gekke ding. Zullen proberen dat ding weer op te laden. We rijdenmet een gangetje van 220 naar 30 kilomter voor Magdenburg. En dan richting Praag.. Makkie dus. Voor alsnog gaan we niet op zoek naar ons traditonele veel te dure hotel. De andere teams kunnen dus wel stoppen.
Opmerking Aant: Foar de wissichheid hawwe wij dochs mar efkes sjoen at er ek hotels yn Maagdenburg binne. De priis foel ús net ôf.

19.40 Mail van Jan Stenekes
Tip foar Tjitte Jelle en Wytske: Dy man moai pitte litte en trochride oant 100 meter foar it pension en dan stil de auto út en hurd nei binnen drave.

19.45 Trackr

Tsjeard en Sjoukje hawwe de gong der aardich yn. En se ride rjochting Sudeast.

Posysjes
Wij sille sjen at wij om goed 22.00 oere de krekte posysjes fan elkenien yn byld krije kinne.
Wat ha wij no stean:
Tsjeard en Sjoukje : krekt foarbij Hannover
Jaring en Sjoerd: noch net bij Hannover mar in lift oant Maagdenburg
Bram en Douwe: stiene in hiel skoft lyn bij Apeldoorn en wij hoopje dat se ûnderwilens Duts prate moatte.
Klaas en Amarins: bij de Gay parade yn Frankfurt
Jeljer en Beitske: Braunscheig
Paul en Boukje: Walrode in skoft lyn
Wybren en Namkje: Osnabruck en no wei nei Kassel
Tjitte Jelle en Wytske: Kassel

19.55 Mail Jan Stenekes
De routine sit thús op de bank yn Easterein en hij begrypt neat fan it team Rispens:
Team Rispens stjoert dat ze dat gps ding oplade sille. Hoe mut ze dat dwaan? Sliepe yn in hotel en dat ding oan de lader? Dan kin we ze die optie better ofriede, bin ze in kear leuk op paad wol ze dat ding oplade!!! Harses derby!!!

20.10 SMS-ke Sjoukje fan team Tsjeard en Sjoukje
Myn horoscoop…krekt wat mear, mar de efternamme is net mear dan kâld.
Koppel Oranje

20.30 SMS-ke Boukje en Paul
We sitte no bij nederlanners yn de auto dy’t vloeiend Poals prate en sij bringe ús fier efter Berlijn.  Lizze we al op kop.
Do widzenia
Opmerking Aant: jim sitte bij de earsten, mar it sit ticht bijelkoar

20.40 Mail Sipke Hiemstra
Klaas en Amarins geane tink ik oer Wurzburg en Nurnberg, as sy net al te lang op dat Gay gedoe hingjen blieuwe, dan is dy route miskien net iens sa gek. It is noch een hiel ein, mar Tseard en Sjoukje ha de gong der best yn, dat is dúdlik. Jammer dat we de “gong” fan Tjitte Jelle en Wytske net yn beeld ha.

20.42 Mail Folkje Marije Visser (mem fan Tjitte Jelle)
Ek wy sitte fansels wer mei spanning efter de laptop om alles te folgjen. Wat goed dat Wytske en Tjitte-jelle sa’n goede taktykbesprekking han ha. It wurket dus wol. Trochsette en goed nei de rie fan Jan harkje.

21.00 Mail fan fans fan Wybren en Namkje en Sjoukje en Tsjeard
Wij ha de atlas der bij, en Google earth oan en kinne sa presies folge hoe’t jim geane. Set him op.
Groetnis fan Marijke en Anneriek

21.10 Mail fan Lútsen Zijlstra (broer fan Jeljer en ek al ris mei Jaring oan it liften west)
Dit falt my net of fan team Rispens! It folgjen fia GPS is machtig. Miskien takom jier elk oere iets hjeare litte en oars strafsekonden? Kinst ek in tussenstand jaan Aant? Succes! gr. Lútsen
Opmerking Aant: Wij sille sjen at wij 22.00 oere in goed byld krije kinne.

21.25 SMS Wytske en Tjitte Jelle
Stappen net uit. Komen we Wyb en Nam tegen!!!! Stappen hier ook net uit.  Tjitte is noch flitst…. En us liftjouwer frege him ôf at wij falsk spylje at wij syn auto meikrije. Wat seit it reglemint.
Opmerking Aant: stiet neat yn reglemint. Nei eigen tinken dwaan. Jim kinne altyd noch skorst wurde.!

21.26 SMS Namkje en Wybren
Wij bin krekt troch in geweldige fint, TOM BeDankt! oan ús lift kaam. Even krûpe mei Tjitte en Syts en no mei 170 derfoar twa tankstelle fierder.

21.30 SMS Tjitte Jelle en Wyts
Wij ha besletten it  foar it ûnsekere te nimmen en sitte yn ús folgende lift oant foarbij Erfurt.

21.50 SMS Bram en Douwe

Graach wolle Douwe en Bram eltsenien tige tankje foar it mooglik meitsjen fan dit avontoer. In drege mar needsakelike beslissing is nommen. Wij nimme it heft yn eigen hannen. Wij binne út de striid. De oaren sukses tawinske.
Opmerking: Dit is ferrekte spitich: sij hawwe harren Waterloo fûn.

22.00 oere Stân fan saken
De spanning rint op , de meldingen wurde wat minder mar it soe sa ungefear wêze kinne. Sjoch hjir

22.25 SMS team Rispens
We hebben onze 5de lift van Magdenburg naar Berlijn. Daar wacht een lekker warm motel op ons.
Opmerking Aant: Om 19.35 hie dit team noch oar praat. It trochsakjen fan fannacht brekt harren dus op.

22.26 Trackr Team Rispens
Sij binne wer online. Wij kinne se dus folge. At se echt nei in hotel tageane is de fraach? Sjoch hjir.

22.35 SMS Namkje en Wybren en Tjitte Jelle en Wytske
op wei nei Dresden!!! 200 kilometer tegearre  riden.
Opmerking Aant: Ik sil de foto letter noch pleatse, want dy krij ik net samar fan de tillefoan ôf.

22.40 Team Rispens
GPS wurket  ek wer. En we ha us 54 km fergist. Oer 54 km binne wij yn Maagdenburg en dan nei Berlijn. Der sille wij gelyk nei bêd ta om moarn betiid wer fris en fruitig fierder te liften. Dikke tút fan de bruorren Rispens

23.00 SMS Tsjeard en Sjoukje
Sjoch krekt dat de pda leech is, we binne op é ring Berlijn. Pauze machen.

Opmerking Aant
It ferfolch fan it liften komt op in twadde bledside.
Dy gean ik no ynrjochtsjen.
Ek fannacht sille der berjochten op de side komme.  Wij ferwachtsje sels dat de earsten foar it ljocht wurdt oankomme yn it pensioen yn Tsjechie.