Lêste wepperkes freed

De ljochten binne no echt klear!
22 september 2004
Utslaggen 25-9-2004
25 september 2004

Futsal: SDS 2 ûnderút
SDS 2 hat woansdei syn wedstriid út tsjin Haskerland ferlern mei 4-1. En dat neidat sy yn ‘e earste minuten kâns op kâns krigen. It soe sels in makkie wurde tochten de mannen. Dochs gie it mis. Hoe dit sa koe? Lês it
hjir.

Futsal: SDS 3 op ‘e snút
SDS 3 ferlear dizze wike ek. Sy gienen thús mei 4-2 ûnderút tsjin Heerenveense Boys 2. de goals fan SDS waarden makke troch Hendrik Okkema en Harm-Auke Dijkstra. 

Futsal: SDS 1 wie frij
SDS 1 hoefde dizze wike net yn ‘e seal te boljen. Dit hie fêst te meitsjen mei de fakânsje fan coach Willem Overal yn Griekenlân. Moarn komt der wer thús. Moandeitejûn wurdt dan ek wer balle. SDS 1 mei dan nei Burgum foar in wedstriid tsjin De Herauten.


Dhr. De Haan ereburger
Moarnsbetiid binne der in soad ferfelende radioprogramma’s. Sy belje minsken út bêd dy ’t wat bysûnders dien hawwe of oars wat. Sa is Foppe de Haan ereburger fan it Hearrefean wurden. Moai kloaten want dan wurde je de folgende moarns om in oer as 6 út bêd belle om hjir útlis by te jaan. As jimme
hjir klikke dan kinne jimme lústerje dat dhr. De Haan al in skoftke op ‘e stok siet.

NOK 3 of 4?

NOK 3 en NOK 4 sitte beide by SDS 5 yn’e kompetysje. Se steane 1e en 2e op ‘e ranglist. No moate sy sneon tsjinelkoar. Wa sil dit winne? De nûmer 1 as 2? Is dit kompetysjeferfalsing?

Treffer
Tongersdeitejûn hat de treffer redaksje de saken wer trochpraten foar de Treffer dy’t nije wike útkomt. Mochten jim dit wykein noch in hiel bysûnder nijtsje hawwe dan kin it mooglik noch meinommen wurde. Mail it dan nei
info@vv-sds.nl

Kenniskwis
Fred en Aant binne wer dwaande mei de organisaasje fan de fuotbalkenniskwis. Der wurde 9 kandidaten frege dy’t in foarronde spylje op in bepaalde datum yn novimber of desimber. Ut alle trije foarrondejûnen komt in winner. Tegearre mei de twa finalisten fan ferline jier kin de grutte finale spile wurde op 8 jannewaris 2005, tidens de nijjierssresepsje. Yn de Treffer sil noch wat mear ynformaasje stean en ek hoe’t jim jim opjaan kinne.

SDS1
De folgende 14 spilers reizgje moarn ôf nei Kootstertille.
Marten, Wichard, Feite, Floris, Kees, Mark, Tsjipke, Harm, GertJan, Hendrik, Robert, Durk Yde, Anne en Dennis

SDS2
Hjir de jonges dy ’t foar SDS 2 moarn nei Hasselt fleane om te fuotbaljen tsjin “The Dukes of Hasselt”: Remco, Jan-Simon, Jacob-Klaas, Tseard, Skelte, Henk, Gerrit, Ruurd, Auke, Jos, Jeroen, Stefan, Frank, Pieter. Willem(wurk) en Gerrit H.(hamstring) binne der net.

SDS
Op ús fraach wat SDS noch mear betsjutte kin kaam noch in reaksje fan in lieder. Yn in ferslach C1 stie: Swak Drome Slop

Oerknuppels
Lieuwe van der Brug (SDS3) sit yn Australie. Wy krigen fan him in berjochtje. Hy hold him dwaande mei oerknuppels. Wy moatte wol hiel djip neitinke om der efter te kommen wat oerknuppels binne. Wa kin ús helpe? Mail it nei
info@vv-sds-nl

Foto’s
Moarn hoopje wy wer hiel wat foto’s meitsje te kinnen fan 7 of 11 tallen dy’t thús spylje. Tink der dus om dat it hier goed yn de skieding komt te sitten.