Weppers sneon 27-12

Krystdagenweppers
24 december 2014
Seal: SDS A1 groepswinner, mar …….
28 december 2014

SDS 6e op it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
De mannen fan SDS (Jaap, Feite, Jacob-Klaas, Tsjipke, Sicco, Jehannes en Willem)  binne juster 6e wurden op it ferneamde krystsealtoernoai fan Frjentsjer. Nei as nûmer 1 de poule oerlibbe te hawwen, mochten sy yn de 1/8 finale tsjin De Posthoorn. SDS kaam mei 1-0 foar troch Jehannes en like it rêstich út te fuotbaljen doe ’t de 1-1 krekt foar tiid dochs noch foel. Jaap Toering soarge der yn de penaltyserie troch ien te keren foar dat SDS dochs noch trochgie. Yn de kwartfinale stie SDS tsjinoer de Strúners. Oftewol Berltsum 1 mei âld-SDS’er Jacob Tymersma. SDS krige de earste kânsen, mar de earste de beste kounter soarge foar in efterstân. Doe ’t ek de 2-0 en de 3-0 sa foelen like de wedstryd dien. Hielendal doe ’t Jacob-Klaas ek noch in giele kaart krige. Jehannes makke noch wol de 3-1, mar it waard sels noch 5-1. De Strúners woenen úteinlik ek it toernoai.

Ferkearde sjaal (5)

Neffens kollumnist Sjoerd Mossou is in ferkearde sjaal at der twa ferskillende klups op steane. Wij binne op syk nei sokke sjalen en it kin net oars wêze dan dat wij it hichte -dan wol djiptepunt hân hawwe. Juster pleatsten wij al in sjaal fan Robert Schildkamp, mei dêrop trije kluplogo’s. Mar dat wie it noch net alles. Want de efterkant fan dy selde sjaal jout nochris twa tsjinstanners oan fan SC Hearrenfean yn 2008. Op ien sjaal alle fjouwer tsjinstanner. ….
Hawwe jim ek noch in ferkearde sjaal lit it ús witte.


Krystalvetal
fashion2 
Harsens derby(1399)
Net handich………….